Fryske mienskip warber foar bioferskaat

29 okt 2020 - 15:46

De Fryske mienskip is warber foar it werstel fan it bioferskaat yn de provinsje. Der binne seker 152 inisjativen fan lyts oant grut, sa docht bliken út in enkête dy't útskreaun is troch de Fryske Miljeu Federaasje yn opdracht fan de Provinsje Fryslân.

Fryske mienskip warber foar bioferskaat

De measte inisjativen hawwe te krijen mei planten. Se binne úteinset troch partikulieren en net troch ferienings en oerheden. Mar al dy ynset foar in rikere natuer kin noch mear opsmite as it no al docht.

Dielnimmers oan in aktiviteit fan Us Hôf dit jier; in soarte fan mienskiplike tún. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De inisjativen út de mienskip wei stean net op harsels. Agraryske natuerkollektiven binne der ek mei dwaande en in organisaasje lykas bygelyks Landschapsbeheer Friesland. Hiel frjemd is dat net, want it bioferskaat nimt ôf yn hiel Europa. Yn Fryslân spilet it ek. De rykdom oan ynsekten stiet bygelyks ûnder druk mei foarsisbere gefolgen foar ynsekte-iters lykas fûgels yn flearmûzen.

De 152 inisjativen binne it resultaat fan de ynset fan hast 400 minsken dy't dêr sa'n 2300 oare minsken by belutsen hawwe. "Wy binne dochs wol wer fernuvere oer in tal inisjativen dêr't wy tochten: dy kenne wy hielendal net", seit Froukje Hernamdt fan de Fryske Milieu Federaasje.

Oanbefellings

Mar it komt krekt as jo it goed dwaan wolle, dus binne der troch ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga ek in fjouwertal oanbefellings op papier set om derfoar te soargjen dat al dy ynset noch mear opsmite kin.

Sa binne der noch plakken yn de provinsje dêr't it wat minder fan de grûn kaam is en kin it goed wêze om de inisjatyfnimmers noch wat mear kennis te jaan. Ek kin der better fan elkoar leard wurde as no it gefal is, sadat jo net it tsjil wer op 'e nij útfine hoege.

Bûnt hantsjekrûd (rietorchis) is in saneamde reade list soart dy't dus driget te ferdwinen. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ien oanbefelling dêr't de provinsje as opdrachtjouwer mei oan 'e slach wol, is it ferbinen fan de bioferskaatinisjativen, sadat soarten tusken gebieten 'reizgje kinne'. Dat makket de natuer sterker.

Deputearre Douwe Hoogland: "Wat fan grut belang is - en dêr bouwe wy ek troch op in earder ûndersyk nei ynsektelinten - hoe't wy it bioferskaat ek mei-inoar ferbine kinne. Wy sille hiel goed besjen moatte hoe't wy dat dogge. Wy hawwe Van Hall opdracht jûn om dat te ûndersykjen. En dan sille wy sjen hoe't dat past yn ús biodiversiteitswerstelplan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)