Biltske 'smaakroete' moat streekprodukten oan de man bringe
As je oan It Bilt tinke, dan tinke je oan... ierappels! Mar der is noch folle mear, en dus is der no sneon in spesjale 'smaakroete' troch de streek. Op seis lokaasjes is in drive-through of drive-by makke, dêr't belangstellenden de kofferbak of fytstas folje kinne mei iten út de streek.
Yn de mûne fan Froubuorren wurdt de lêste hân lein oan de pakjes Struufmeel foar sneon. It Biltske 'struufmeel' komt streekrjocht út de omkriten fan de mûne en kin bygelyks brûkt wurde om pankoeken mei te meitsjen. Neffens de fêste klanten fan de mûne is it net te fergelykjen mei fabrykspankoeken. "At de mînsen een keer ôns struufmeel brúkt hewwe dan komme se altyd werom", seit Klaske Miedema fan it bestjoer fan de mûne.
Gewoanwei kinne de froulju Miedema en Tadema it guod fan de mûne ferkeapje op de moanlikse streekmerk, mar dy giet dit jier fanwege de corona net troch. En dus komt de smaakrûte goed út. "Dut is 'n prachtige gelegenhyd om ôns produkten an de man te bringen. Mînsen kinne even in de auto of op de fyts, maar dan al met groate fytstassen!"
Foar de mûne komt in grutte tinte te stean, om alles coronaproof te hâlden.
Twa plannen wurde ien
De rûte sels is krekt eefkes fierderop yn Sint-Anne betocht troch, hoe kin it ek oars, in ierappelboer. Yn gearwurking mei restaurant The Friezinn yn De Westhoek. Beide manlju hiene ûnôfhinklik fan inoar betocht om in soarte fan drive-through- of drive-by-middei te hâlden. Mar doe't se fan inoars plan hearden, like it har better om it te kombinearjen.
By de ierappelstop fan it Bildts Genot kinne de minsken sneon yn de auto sitten bliuwe, om sa dwers troch it bedriuw te riden. "Wij doen aansen 'n groate deur hier open en dan kinne se derin rije. De mînsen rije dan deur de loads en soa kinne se de tonnen eerappels sien en ok proeve." Dit priuwen bart fansels ek coronaproof, mei moffen en prikkerkes.
De rûte moat sjen litte dat It Bilt mear is as allinnich in gebiet dêr't ierappels ferboud wurde. Sa dogge der njonken it Bildts Genot, The Friezinn en de mûne ek noch in skieppeboer, in stoofparredrankstoker en in fruitkweker mei. Se kinne de smaakrûte ek finansjeel goed brûke yn in tiid dat restaurants net iepen meie, en dus in grutte ôfsetmerk fuortfalt.
Mocht de rûte in sukses wêze dan komt der in ferfolch, mooglik dan mei noch mear ûndernimmers.