Auto yn wetter neist A7 tusken De Gordyk en Beetstersweach, rydbaan ôfsletten

29 okt 2020 - 14:18

In auto is tongersdeitemiddei yn it wetter neist de A7 tusken De Gordyk en Beetstersweach bedarre. Yn de auto siet in frou, sy is derút helle troch de brânwacht en dêrnei behannele troch ambulânsepersoniel. Ien rydbaan is ôfsletten en ferkear moat rekken hâlde mei fertraging.

Foto: CAMJO media

Ferskate helptsjinsten kamen op it ûngelok ôf, wêrûnder ek in traumahelikopter en in dûkteam.

De oarsaak fan it ûngelok is net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)