Brouwerijen moatte kreatyf wêze: online priuwerij mei pakketsje thús

29 okt 2020 - 12:55

Hoareka en taleveransiers sykje nije kanalen om harren waar oan de man te bringen no't dat fanwege de coronamaatregels net mear kin. Sa ûntwikkele de Fryske bierbrouwerij Grutte Pier yn Wyns in online priuwerij en in spultsje dat minsken thús dwaan kinne.

Frans Filius - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Sûnt de ynfiering fan de strangere coronamaatregels foar de hoareka hawwe de taleveransiers fan de hoarekabedriuwen it ek wer dreech. In grut part fan de ferkeap falt fuort. En dus wurdt der socht nei alternativen.

Pakketsje thús

De brouwerij yn Wyns hat foar de online priuwerij gearwurking socht mei oare partijen yn de hoarekasektor. Oant no ta hawwe harren 250 dielnimmers opjûn foar de priuwerij. Dy krije in pakketsje mei bier ta stjoerd, mar ek mei produkten fan dy oare dielnimmende bedriuwen.

Nei in goed simmerseizoen is it no wer 'ho'

Foar Frans Filius ien fan de eigeners fan de brouwerij is it balen, mar se seagen it wol oankommen, fertelt er. De hoarekasluting rekket it bedriuw finansjeel, al hawwe se dochs noch wol in goed simmerseizoen achter de rêch. It wie in gekkehûs mei in grutte omset. In bytsje rêstiger mei ek wol, tocht Filius doe noch, sa seit er. Mar no is it stil en as it sa trochgiet komt it net goed.

It bier moat fuort

Filius syn brouwerij sit no mei in partij bier dy't fuort moat, sadwaande de gearwurking mei ûnder oare in kafee yn Ljouwert en in biertrûbadoer dy't oars wurkleas thús sitte soe. "Je moet je bier kwijt, maar mensen willen ook leuke dingen doen."

Frans Filius ien fan de eigeners fan de brouwerij

Trefwurden: 
hoareka Wyns bier coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)