Sinteklaasyntocht Dokkum skrast: begryp en teloarstelling by boargemaster Kramer

De sinteklaasyntocht yn Dokkum wurdt definityf skrast. Binnen de bânbreedte fan de coronaregels sjocht it organisaasjekomitee gjin mooglikheden mear om de yntocht trochgean te litten. Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân fynt it tige spitich, mar kin him fine yn it nommen beslút.
Sinteklaasyntocht Dokkum skrast
Kramer fertelt dat der al sûnt july sjoen waard nei in yntocht op in 'sa coronaproof mooglike wize', mar is dat yn Dokkum net mooglik troch de oanskerpe maatregels fan de ôfrûne wiken. "De eveneminten dêr't in soad folk op ôf komt, dy kinne net mear. De konklúzje fan de organisaasje wie ek: as de regels der sa by lizze, past it net. Dan giet it dit jier oer", sa seit er.
Kramer fynt it spitich foar alle bern dy't gewoanwei fan it feest genietsje, mar ek foar de boargemaster sels is it in teloarstelling. "It hie foar my de earste kear west dat ik tegearre mei de berneboargemaster Marije Adema Sinteklaas ynhelje mocht. Dan is it spitich foar my dat it net trochgean kin."
Neffens de boargemaster seit it skrassen fan de sinteklaasyntocht yn Dokkum net dat alle yntochten yn syn gemeente net trochgeane, mar wurdt der foar elk wenplak sjoen nei wat mooglik is. "De sinteklaasyntochten yn de rest fan Noardeast-Fryslân sille net oars weze as yn hiel Nederlân, se sille net of op lytse skaal trochgean." Oft de yntocht skrast wurdt of net, hinget neffens de boargemaster fan de yntochtkomitees ôf.
Boargemaster Johannes Kramer oer de sinteklaasyntocht yn Dokkum