Buertkeamers tsjin iensumens Noardeast-Fryslân: praatsje en edukaasje

29 okt 2020 - 11:44

Mear mei-inoar, minder allinnich. Dat is it motto fan de seis buertkeamers yn Noardeast-Fryslân. De nijste, dy fan Holwert, giet tongersdei iepen.

Holwert - Foto: Carolien Dijkstra

In 'Buertkeamer' is in leechdrompelich moetingsplak, want de iensumens is grut, fertelt Yolanda Dijkstra fan de stichting AanZet achter de buertkeamers.

Seker no mei de corona binne minsken folle mear as oars op harsels oanwiisd en sjogge se minder of hast gjin oaren. Rutte sei ek eksplisyt dat de deibesteging foar kwetsbere groepen yn oanpaste foarm trochgean moatte, fertelt Dijkstra. Iensume minsken falle ek ûnder dy doelgoep.

Elk dy't der ferlet fan hat, kin delkomme foar in kopke kofje of tee en in praatsje. Frijwilligers stean klear om de minsken te ûntfangen. Fierders is it ek bygelyks bingo, klaverjassen en lêzingen fan brânwacht en plysje, it hinget der mar fan ôf wat de minsken wolle.

De buertkeamers bestean no trije jier. Okkerdeis waard yn Wâlterswâld ek ien iepene.

Yolanda Dijkstra, stichting AanZet

(Advertinsje)
(Advertinsje)