Gjin Sunneklaas op It Amelân: "Sels yn de oarloch gie it troch"

29 okt 2020 - 11:08

It net trochgean fan it tradisjonele Sunneklaasfeest op It Amelân is tige spitich, mar ek unyk. Dat seit Tonnie Overdiep, foarsitter fan doarpsbelang Nes. Boargemaster Leo Pieter Stoel fan it eilân fynt dat it feest net past mei de hjoeddeistige coronamaatregels.

Foto: Omrop Fryslân

"It is natuerlik ferrekte spitich", siet Overdiep. Neffens him is Sunneklaas it feest fan it jier foar de Amelanners. Overdiep tinkt dat it noch nea foarkaam is dat it net trochgie. Sels yn de oarloch waard it fierd, sa seit er. "Dus it is wol unyk, wat der no gebeurt."

Sunneklaas is in bysûndere en wat heimsinnige tradysje, dy't de Amelanners by foarkar foar harsels hâlde. Amelanner manlju rinne fan fiif oere middeis ôf alhiel ferklaaid en mei maskers op troch de fjouwer doarpen op it eilân. Jongfolk ûnder de 18 jier en froulju moatte binnendoar bliuwe. Wa't dat net docht, wurdt mei stokken yn 'e hûs jage.

As de omgong mei de ferklaaide omes foarby is, wurdt der feestfierd yn ien fan de 'iepen huzen' dy't dêrfoar ynrjochte wurde. Froulju dogge der ferstannich oan om yn ien fan dy huzen te wachtsjen op it momint dat se meidwaan kinne oan it feest.

Boargemaster Stoel hat oerlis hân mei alle doarpsbelangen op it eilân en mei-inoar ha se besletten dat it ferstannich is om it feest net te fieren. De doarpsbelangen ha ek de ynwenners hifke en neffens Overdiep kin sawat elkenien him wol fine yn it beslút. "It gros fan de befolking stiet hjir wol achter."

Sunneklaas op in oare manier fiere, sit der net yn neffens Overdiep. "It feest oanpasse, dan is it it feest net mear."

Tonnie Overdiep, foarsitter fan doarpsbelang Nes

(Advertinsje)
(Advertinsje)