UMCG ûndersiket oarsaak earnst sykte nei coronafirus

29 okt 2020 - 11:02

It grutte befolkingsûndersyk fan Lifelines komt mei in grut ûndersyk om nij ynsjoch te krijen oer hoe slim oft minsken siik wurde fan it coronafirus, en wat de earnst fan de sykte bepaalt. De ûndersikers sjogge nei bloedmeunsters om út te finen hoe't de ôfwar is fan minsken. It ûndersyk wurdt holden ûnder ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte.

UMCG ûndersiket oarsaak earnst sykte nei coronafirus

Ut it noardlike corona-ûndersyk fan Lifelines hat earder bliken dien dat erflikheid in rol spilet yn de mate wêrop't immen siik wurdt fan it firus. "Het beeld dat zich nu aftekent suggereert dat het immuunsysteem bij mensen die door corona ernstig ziek zijn, anders staat afgesteld", seit ûndersiker Lude Franke. "Dat is dus voor een deel erfelijk bepaald."

Eardere bleatstelling ek fan ynfloed

Dêrnjonken kinne ek oare faktoaren in rol spylje yn it sykteferrin, lykas eardere bleatstelling oan coronafirussen.

It ûndersyksteam fan it UMCG ûndersiket de mooglikheden om it ôfwarsysteem by in gruttere groep Lifelines-dielnimmers te bestudearjen. "Van iedere Lifelines-deelnemer is enorm veel bekend over hun gezondheid, leefstijl, familierelaties en meer", seit Franke. "En dat van de afgelopen 15 jaar. Deze verzameling aan gezondheidsgegevens is voor wetenschappelijk onderzoek naar corona van grote waarde."

Antystoffen ûndersykje

Sa'n 130 Lifelines-dielnimmers, dy't posityf test hawwe op it coronafirus, wurdt no frege om ekstra bloed ôf te jaan. Mei it bloed sjogge de ûndersikers watfoar antystoffen minsken oanmeitsje, hoefolle oft dat bart en hoe lang oft dy antystoffen oanwêzich bliuwe.

Lude Franke (UMCG) oer it ûndersyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)