Keaper yn byld foar glêstúnbougebiet Waddenglas, ekstra wurk yn Waadhoeke

Nei jierren fan problemen is der lang om let ljocht oan de ein fan de tunnel foar Waddenglas yn Seisbierrum. Friss Holding keapet it projekt fan 50 hektare glestúnbougrûn en wol fan Waddenglas it meast duorsume glêsgebiet fan Nederlân meitsje. Waddenglas is jierren lyn te keap set troch gemeente Waadhoeke en provinsje Fryslân.
© Omrop Fryslân
It doel fan Waddenglas is it behâlden en kreëarjen fan wurkgelegenheid yn de regio, op in duorsume wize. It wurdt ûntwikkele troch de provinsje Fryslân, de gemeente Waadhoeke en de Rijkdienst voor Ondernemend Nederland. Mar om it troch te setten, wiene der ynvestearringen nedich.
Friss wol dêrom in berop dwaan op de SDE-subsydzje. As dy subsydzje net takend wurdt, dan giet de keap ek net troch. "Maar we zijn blij met de stappen tot dusver", seit wethâlder Caroline de Pee fan Waadhoeke.
It plan foar it glêstúnbougebiet leit der al jierren, mar oant no ta wie der net in soad belangstelling. De Pee: "Er zijn wat crisissen geweest, wat ook niet meehielp. Maar Friss lijkt nu heel serieus, ze hebben een mooi duurzaam glastuinbouwcomplex op het oog. Dat levert ook banen op voor onze regio."

Wol ferlies

De trije partijen dy't it gebiet ûntwikkele hawwe, meitsje wol ferlies op it kompleks. "Dat was in 2015 al duidelijk", seit De Pee. "Al de tijd dat je het niet verkoopt, houd je wel rentekosten. Dus deze drie partijen nemen hun verlies. Maar dat is het wel waard, gezien de werkgelegenheid die het oplevert."

Oer healjier dúdlikheid

Foardat alles hielendal yn tichte fetten is, moatte der noch in pear stappen set wurde. "Eind december wil Friss ze de financiering rondkrijgen. Lukt dat niet, dan kunnen ze de koop intrekken. En in mei hopen we meer duidelijkheid te hebben over de SDE-subsidie. Als alle hobbels worden genomen, moet het in mei klaar zijn."
Wethâlder Caroline de Pee oer Waddenglas