Wurkgelegenheid yn Fryslân relatyf goed; jongerein wol hurd rekke troch corona

29 okt 2020 - 08:39

De coronakrisis is fan grutte ynfloed op de wurkgelegenheid, mar yn Fryslân giet it better as yn in soad oare regio's yn Nederlân. Dat komt trochdat yn ús provinsje in soad minsken yn stabiler sektoaren wurkje. It UWV ferwachtet wol dat ek yn ús provinsje it tal útkearingen takom jier oprint.

Foto: Omrop Fryslân

Dat Fryslân relatyf myld rekke is troch de krisis, komt trochdat de wurkgelegenheid yn sektoaren as soarch, ûnderwiis en oerheid net minder wurden is. En yn dy sektoaren wurkje relatyf in soad Friezen. Ek de fraach nei personiel yn de detailhannel 'food', technyk en ICT is noch frij grut.

Sektoaren dy't wol hurd rekke wurde troch de coronakrisis, binne hoareka en catering, ferfier, útstjoerburo's en de evenemintebrânsj. Dy ha it swier troch de oerheidsmaatregelen om fersprieding fan it coronafirus tsijn te gean.

Jongerein wol hurd rekke

Wa't yn Fryslân wol hurd rekke wurde, binne jongere wurknimmers mei fleks- of útstjoerkontrakten. Dy wurkje faak yn de hoareka, kultuer, sport, rekreaasje en yndustry. Yn ekonomysk drege tiden, lykas no, nimme wurkjouwers dan meastal it earst ôfskied fan dy wurknimmers.

Foar wurksykjenden út dy sektoaren is it op koarte termyn dreech om wer wurk te finen yn dy sektor. Oar wurk leare is in better idee, neffens it UWV.

De sifers

Benammen yn de earste moannen fan de coronakrisis rûn it tal wurksykjenden op. Dat wie yn maart, april en maaie. Dêrnei rûn it tal minsken yn de WW wer wat werom. Yn totaal wiene der yn septimber 10.300 Friezen mei in WW-útkearing. Dat is in groei fan 12% yn ferliking mei ferline jier, doe't it der 9.200 wiene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)