Liveblog | 29 oktober 2020

Coronanijs tongersdei 29 oktober: Doeksen past tsjinstregeling oan en KNVB stelt bekerlotting út

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 29 oktober 2020, 22:38
22:18

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 28 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:
Moarn is der wer in nij liveblog oer it coronafirus yn Fryslân. En yn de betide radioútstjoering fan Fryslân Fannemoarn sjogge we ûnder oare foarút op it NK ôfstannen op Thialf. It is it earste grutte toernoai fan it seizoen. Eins hie dêr in wike lyn al in ynternasjonale shorttrackwedstriid wêze moatten, mar op it alderlêste momint bepaalde de organisaasje dat dat net trochgean koe. Mei in wurdfierder fan de KNSB en in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân prate we oer de maatregels dy't de KNSB no nimt om in werhelling fan dy sitewaasje foar te kommen.
En om tolve oere hearre we yn it radioprogramma No yn Fryslân fan de GGD hoe't dy sjocht nei de besmettingssifers fan de ôfrûne wike.
21:31

Nij Smellinghe siket ekstra ferpleechkundigen foar corona-ôfdieling

It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is op syk nei ferpleechkundigen dy't tydlik helpe kinne yn ferbân mei de coronadrokte. Dat blykt út in fakatuere op de webside fan it sikehûs. "Wil jij jouw steentje bijdragen? Wij zijn daar mee geholpen! Je komt werken op de COVID-19 afdeling als "buddy" en werkt samen met een ervaren corona-verpleegkundige."
"Omdat de COVID-19 zorg in ons ziekenhuis toeneemt willen we het vaste team graag uitbreiden met verpleegkundigen die zich juist nu graag willen inzetten", meldt it sikehûs. Der wurde minsken socht dy't it gjin probleem fine om yn beskermjende klean te wurkjen. "Samen met 30 collega's vorm je een gedreven en enthousiast team. Er heerst een sfeer van saamhorigheid."
21:04

"Als mijn vader weg is, is het best fijn bij ons, maar nu is hij er altijd. Wat moet ik doen?"

It libben fan kwetsbere jongeren is der sûnt de útbraak fan it coronafirus net better op wurden. Dat skriuwt Linda Terpstra fan de Ljouwerter helpferlieningsorganisaasje Fier yn har kollum yn it Friesch Dagblad. Har boadskip: Litte we nei mekoar om sjen. "Dat kan al met een heel simpele vraag: gaat het goed met je?"
Earder waard al dúdlik dat it oantal slachtoffers fan bernemishanneling en seksueel geweld dat online om help frege hat, bot omheech gien is sûnt de útbraak fan it coronafirus.
Yn har kollum neamt Terpstra no trije foarbylden, fan trije ferskillende helpfragen dy't op de chat fan Fier binnen kamen. Fanwege de feilichheid en de privacy fan de jongeren binne se anonimisearre.
Neffens Terpstra is it net te sizzen oft der sûnt corona ek mear sprake is fan geweld. It kin. It kin ek sa wêze dat de reguliere help fierder op ôfstân stiet, of dat slachtoffers troch de isolaasje mear pikerje oer de trauma's, sadat se der ek earder oer prate wolle.
Sels no't we yn de twadde coronagolf sitte, is der in protte dat we noch net witte, seit Terpstra. "In een tijd als deze moet je elkaar steunen, de ander een hart onder de riem steken, zorgen voor elkaar. Die boodschap wil ik opnieuw afgeven: kijk naar elkaar om, ook naar die jongen of dat meisje waarvan u in eerste instantie misschien niet verwacht dat hij of zij het zo moeilijk heeft."
20:20

Alternative Alvestêdetocht 2021 giet net troch

De organisaasje fan de alternative Alvestêdetocht hat besletten de eveneminten foar dizze winter te skrassen. Dat meldt de organisaasje yn in ferklearring op de eigen webside. "Waar wij anderhalve maand geleden nog hoopvol groen licht hadden gekregen, moeten we nu constateren dat de pandemie aan een enorme opmars bezig is in Europa en de rest van de wereld".
"Gisteren heeft de Nederlandse overheid een negatief reisadvies afgegeven voor de provincie waar de Weissensee onder valt", meldt de organisaasje. "Naast de richtlijnen van de overheid vinden wij het onverantwoord om een evenement te organiseren waar duizenden Nederlanders voor naar Oostenrijk reizen. Dat geldt natuurlijk niet alleen voor de deelnemers, maar ook voor de vele tientallen vrijwilligers."
De organisaasje hâldt ek rekken mei de soarch yn Nederlân en Eastenryk. "De zorg heeft het al zwaar genoeg en zit niet te wachten op blessures of verwondingen van deelnemers aan ons evenement.
Natuurlijk hadden wij het graag anders gezien, maar de gezondheid van deelnemers, vrijwilligers en de lokale gemeenschap staat voorop."
De organisaasje wol bydrage oan alle maatregels dy't nedich binne om de pandemy te bestriden. "Daar past ons evenement in 2021 niet bij." De alvestêdetocht soe holden wurde op 21 jannewaris.
20:03

NHL Stenden en Campus Fryslân wurkje oan ynternasjonaal ûndersyk nei effekten coronakrisis

De Stenden Hotel Management School fan NHL Stenden en de Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit fan Grins binne troch de Harvard School of Public Health ynskeakele om mei te wurkjen oan in projekt dat de 'ûnsichtbere aspekten' fan de coronakrisis sichtber meitsje moat.
De ûndersikers wolle sjen hoe't minsken libje, wurkje, leare en boartsje wylst se omgeane mei de omstannichheden dy't troch it firus kreëard wurde. Studinten benaderje respondenten mei ferskillende achtergrûnen, en freegje se it deistich libben fêst te lizzen.
"Dit is een unieke internationale samenwerking voor het noorden", seit Dr. Elena Cavagnaro fan NHL Stenden. "Bij de analyse van de gegevens hopen we inzichten en criteria te ontwikkelen voor het verbeteren van het welzijn van mensen en organisaties in alle fasen van een pandemie."
19:03

Fryske senioareferiening: "Sjoch om nei minsken dy't de doar net mear út komme"

De ûnôfhinklike senioareferiening yn Fryslân ropt op om te sjen nei minsken dy't de doar net mear út komme. Hast de helte fan de Nederlânse âlderein ferwachtet dit jier de krystdagen allinnich of heechút mei de eigen partner te fieren, docht bliken út in enkête.
"Dit giet al sa lang't de corona yn ús provinsje hearsket, seit an Frans Kloosterman fan de feriening. "der komme folle minder minsken oer de flier. Ik soe sizze: sjoch wat mear om jo hinne, nei minsken dy't der net mear út komme. Gean der ris hinne, nûgje se út, of belje se. Mei in mûlkapke en op oardel meter kin der hiel wat."
"Minsken binne bang foar in besmetting. Yn Fryslan is it in hiele tiid goed gong. Mar der is no hast gjin doarp mear dêr't it firus net is. Der wurdt hieltyd op hammere: 'bliuw thús. It gefolch is fat minsken der net mear út komme."
Jan Frans Kloosterman yn Weistra op wei