Coronanijs tongersdei 29 oktober: Doeksen past tsjinstregeling oan en KNVB stelt bekerlotting út

29 okt 2020 - 22:38
  • It RIVM meldt hjoed yn Fryslân 123 nije besmettingen mei it coronafirus, juster wiene it der 94;
  • NHL Stenden en Campus Fryslân wurkje oan in ynternasjonaal ûndersyk nei de effekten fan de coronakrisis;
  • Rederij Doeksen past de tsjinstregeling oan fanwege it coronafirus, meiwurkers fan de nautyske tsjinst sitte yn karantêne;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:18
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 28 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:

  • It RIVM meldt hjoed yn Fryslân 123 nije besmettingen mei it coronafirus, juster wiene it der 94;
  • Ferpleechkundigen sizze dat it kabinet no yngripe moat, ambulânses kinne pasjinten net mear kwyt;
  • NHL Stenden en Campus Fryslân wurkje oan in ynternasjonaal ûndersyk nei de effekten fan de coronakrisis;
  • De alternative Alvestêdetocht fan 2021 giet net troch, fanwege 'de opmars' fan de pandemy yn Europa;
  • Yn Dokkum giet de yntocht fan Sinteklaas net troch, ûndernimmers binne dêr tige teloarsteld oer;
  • Rederij Doeksen past de tsjinstregeling oan fanwege it coronafirus, meiwurkers fan de nautyske tsjinst sitte yn karantêne;
  • De KNVB stelt de lotting fan it bekertoernoai út, it is noch net wis wat dat betsjut foar de Harkemase Boys;
  • In Fryske senioareferiening rop elkenien op om om te sjen nei minsken dy't de doar net mear út komme;
  • In mearderheid fan de Nederlanners wol in fjoerwurkferbod om de soarch dit jier te ûntlêsten;
  • Nederlânske boeren ha soargen oer de Dútske lockdown, se kinne de patat en it keallefleis net mear kwyt;
  • Reedrydster Michelle de Jong is as iennige posityf test op it coronafirus, ien dei foar de NK ôfstannen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn is der wer in nij liveblog oer it coronafirus yn Fryslân. En yn de betide radioútstjoering fan Fryslân Fannemoarn sjogge we ûnder oare foarút op it NK ôfstannen op Thialf. It is it earste grutte toernoai fan it seizoen. Eins hie dêr in wike lyn al in ynternasjonale shorttrackwedstriid wêze moatten, mar op it alderlêste momint bepaalde de organisaasje dat dat net trochgean koe. Mei in wurdfierder fan de KNSB en in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân prate we oer de maatregels dy't de KNSB no nimt om in werhelling fan dy sitewaasje foar te kommen.

En om tolve oere hearre we yn it radioprogramma No yn Fryslân fan de GGD hoe't dy sjocht nei de besmettingssifers fan de ôfrûne wike.

21:31
Nij Smellinghe siket ekstra ferpleechkundigen foar corona-ôfdieling

It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is op syk nei ferpleechkundigen dy't tydlik helpe kinne yn ferbân mei de coronadrokte. Dat blykt út in fakatuere op de webside fan it sikehûs. "Wil jij jouw steentje bijdragen? Wij zijn daar mee geholpen! Je komt werken op de COVID-19 afdeling als "buddy" en werkt samen met een ervaren corona-verpleegkundige."

"Omdat de COVID-19 zorg in ons ziekenhuis toeneemt willen we het vaste team graag uitbreiden met verpleegkundigen die zich juist nu graag willen inzetten", meldt it sikehûs. Der wurde minsken socht dy't it gjin probleem fine om yn beskermjende klean te wurkjen. "Samen met 30 collega's vorm je een gedreven en enthousiast team. Er heerst een sfeer van saamhorigheid."

21:04
"Als mijn vader weg is, is het best fijn bij ons, maar nu is hij er altijd. Wat moet ik doen?"

It libben fan kwetsbere jongeren is der sûnt de útbraak fan it coronafirus net better op wurden. Dat skriuwt Linda Terpstra fan de Ljouwerter helpferlieningsorganisaasje Fier yn har kollum yn it Friesch Dagblad. Har boadskip: Litte we nei mekoar om sjen. "Dat kan al met een heel simpele vraag: gaat het goed met je?"

Earder waard al dúdlik dat it oantal slachtoffers fan bernemishanneling en seksueel geweld dat online om help frege hat, bot omheech gien is sûnt de útbraak fan it coronafirus.

Yn har kollum neamt Terpstra no trije foarbylden, fan trije ferskillende helpfragen dy't op de chat fan Fier binnen kamen. Fanwege de feilichheid en de privacy fan de jongeren binne se anonimisearre.

  • "Sinds corona is het geweld bij ons thuis erger geworden. Mijn vader is thuis van zijn werk en drinkt veel. Hij is de hele dag door boos op mijn moeder, mij en mijn broertje. Als mijn vader weg is, is het best fijn bij ons, maar nu is hij er altijd. Wat moet ik doen?" (Nathan, 16)
  • "Mijn stiefvader doet dingen met me die niet oké zijn. Hij betast me en wil dat ik hem bevredig. Sinds corona is het steeds erger geworden. Hij is altijd thuis en ik kan nergens naartoe. Mijn moeder weet van niets. Ik wil dat het stopt, maar hoe?" (Ashley, 14)
  • "Ik ben als kind door mijn ouders mishandeld. Soms werd ik dagenlang opgesloten in mijn kamer. Nu met corona komen al deze herinneringen weer terug. Ik voel me opnieuw opgesloten en ik kan er met niemand over praten." (Joris, 22)*

Neffens Terpstra is it net te sizzen oft der sûnt corona ek mear sprake is fan geweld. It kin. It kin ek sa wêze dat de reguliere help fierder op ôfstân stiet, of dat slachtoffers troch de isolaasje mear pikerje oer de trauma's, sadat se der ek earder oer prate wolle.

Sels no't we yn de twadde coronagolf sitte, is der in protte dat we noch net witte, seit Terpstra. "In een tijd als deze moet je elkaar steunen, de ander een hart onder de riem steken, zorgen voor elkaar. Die boodschap wil ik opnieuw afgeven: kijk naar elkaar om, ook naar die jongen of dat meisje waarvan u in eerste instantie misschien niet verwacht dat hij of zij het zo moeilijk heeft."

20:20
Alternative Alvestêdetocht 2021 giet net troch

De organisaasje fan de alternative Alvestêdetocht hat besletten de eveneminten foar dizze winter te skrassen. Dat meldt de organisaasje yn in ferklearring op de eigen webside. "Waar wij anderhalve maand geleden nog hoopvol groen licht hadden gekregen, moeten we nu constateren dat de pandemie aan een enorme opmars bezig is in Europa en de rest van de wereld".

"Gisteren heeft de Nederlandse overheid een negatief reisadvies afgegeven voor de provincie waar de Weissensee onder valt", meldt de organisaasje. "Naast de richtlijnen van de overheid vinden wij het onverantwoord om een evenement te organiseren waar duizenden Nederlanders voor naar Oostenrijk reizen. Dat geldt natuurlijk niet alleen voor de deelnemers, maar ook voor de vele tientallen vrijwilligers."

De organisaasje hâldt ek rekken mei de soarch yn Nederlân en Eastenryk. "De zorg heeft het al zwaar genoeg en zit niet te wachten op blessures of verwondingen van deelnemers aan ons evenement.
Natuurlijk hadden wij het graag anders gezien, maar de gezondheid van deelnemers, vrijwilligers en de lokale gemeenschap staat voorop."

De organisaasje wol bydrage oan alle maatregels dy't nedich binne om de pandemy te bestriden. "Daar past ons evenement in 2021 niet bij." De alvestêdetocht soe holden wurde op 21 jannewaris.

20:03
NHL Stenden en Campus Fryslân wurkje oan ynternasjonaal ûndersyk nei effekten coronakrisis

De Stenden Hotel Management School fan NHL Stenden en de Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit fan Grins binne troch de Harvard School of Public Health ynskeakele om mei te wurkjen oan in projekt dat de 'ûnsichtbere aspekten' fan de coronakrisis sichtber meitsje moat.

De ûndersikers wolle sjen hoe't minsken libje, wurkje, leare en boartsje wylst se omgeane mei de omstannichheden dy't troch it firus kreëard wurde. Studinten benaderje respondenten mei ferskillende achtergrûnen, en freegje se it deistich libben fêst te lizzen.

"Dit is een unieke internationale samenwerking voor het noorden", seit Dr. Elena Cavagnaro fan NHL Stenden. "Bij de analyse van de gegevens hopen we inzichten en criteria te ontwikkelen voor het verbeteren van het welzijn van mensen en organisaties in alle fasen van een pandemie."

19:03
Fryske senioareferiening: "Sjoch om nei minsken dy't de doar net mear út komme"

De ûnôfhinklike senioareferiening yn Fryslân ropt op om te sjen nei minsken dy't de doar net mear út komme. Hast de helte fan de Nederlânse âlderein ferwachtet dit jier de krystdagen allinnich of heechút mei de eigen partner te fieren, docht bliken út in enkête.

"Dit giet al sa lang't de corona yn ús provinsje hearsket, seit an Frans Kloosterman fan de feriening. "der komme folle minder minsken oer de flier. Ik soe sizze: sjoch wat mear om jo hinne, nei minsken dy't der net mear út komme. Gean der ris hinne, nûgje se út, of belje se. Mei in mûlkapke en op oardel meter kin der hiel wat."

"Minsken binne bang foar in besmetting. Yn Fryslan is it in hiele tiid goed gong. Mar der is no hast gjin doarp mear dêr't it firus net is. Der wurdt hieltyd op hammere: 'bliuw thús. It gefolch is fat minsken der net mear út komme."

Jan Frans Kloosterman yn Weistra op wei

18:42
Wat is der oan de hân mei de coronasifers? 'Gjin struktureel probleem', seit GGD

De ôfrûne oardel wike gong der lanlik fan alles mis mei de corona-besmettingssifers. Sa wie it byld op fjouwer fan de sân dagen fertekene. Dat meldt de NOS. It kaam troch flaters dêr't it oantal melde gefallen te leech troch wie, en troch de ynhelslach op de dei dêrnei, omdat dan de achterstallige besmettings meld waarden. En dan wie der ek noch in probleem by in oantal GGD's, dat derfoar soarge dat besmettingssifers te let binnen kamen.

Der is gjin sprake fan in struktureel probleem by de registraasje fan de besmettingen, meldt de GGD. "Het gaat om drie verschillende problemen die de afgelopen tijd optraden", seit wurdfierder Sonja Kloppenburg fan de koepel fan GGD's.

Yn twa gefallen gong it om in ICT-steuring. Saterdei lei in kompjûtersysteem plat dat twa belangrike systemen mei mekoar ferbynt. Juster gong it opnij mis, mar doe by it systeem foar boarne- en kontaktûndersyk. "Het piept en het kraakt. Het systeem was ooit bedoeld voor hooguit tientallen mensen die tegelijkertijd erin werken, maar dat zijn er nu 4000."

En dan wie der ek noch in regionaal probleem, by guon GGD's dy't in leger oantal besmettingen trochjoegen dat se letter wer ynhelje moasten. Dat soarge foar hûnderten positive tests oan korreksje. It wie in minsklike flater, en gjin ICT-steuring, seit de GGD. Trochdat minsken no sels de eigen testútslach ynsjen kinne, wiene guon boarne- en kontaktûndersikers fergetten de útslaggen noch nei it RIVM te stjoeren.

De siferferwarring trof allinne de positive tests, foar safier't bekend is wiene der gjin problemen mei de sifers út de sikehûzen of mei rapportearre stjergefallen.

18:33
'Mearderheid wol fjoerwurkferbod om soarch dit jier te ûntlêsten'

In romme mearderheid fan de Nederlanners fynt dat der dit jier in tydlik ferbod komme moat op it ferkeapjen fan fjoerwurk. Fanwege it coronafirus hat de soarch it no al drok genôch. In fjoerwurkferbod kin helpe foar te kommen dat húsdokters en sikehûspersoniel oerbelêste reitsje troch de tastream fan fjoerwurkslachtoffers.

Benammen âlderen binne foarstanner fan sa'n ferbod, blykt út ûndersyk fan Hart van Nederland ûnder goed 3000 minsken. Rom trijekwart fan de minsken boppe de 50 jier (76 persint) stiet achter in tydlik fjoerwurkferbod, wylst in mearderheid fna de minsken ûnder de 30 (60 persint) krekt tsjin sa'n ferbod is.

18:18
Nederlânske boeren ha soargen oer Dútske lockdown: kinne patat en keallefleis net mear kwyt

Boeren dy't oan de hoareka leverje, ha grutte soargen oer de ôfset fan typyske hoarekaprodukten sa as patatierpels en keallefleis. Dat meldt lânbou-organisaasje LTO Nederlân. De ûndernimmers waarden al rekke troch de slutingen yn Nederlân, en de problemen binne grutter wurden mei de lockdown yn Dútslân. Dat is de grutste ôfsetmerk.

Earder dizze wike frege LTO it kabinet om stipe, ûnder oare omdat de ôfset nei de hoareka foar in part fuortfallen is. Noch foardat Dútslân yn lockdown gong, waard de skea fan de keallehâlders rûsd op 50 oant 70 miljoen euro foar 2020. Bouboeren hâlde rekken mei in skea fan 40 miloen yn it fjirde fearnsjier.

"Kalfsvlees kan worden ingevroren tot de vriezers vol zitten, maar zover zijn we nog niet", seit in wurdfierder fan LTO. Patatierpels dy't net ferkocht wurde, wurde ûnder oare brûkt as kowefretten.

Harm Weistra belle mei in keallehâlder yn Wâlterswâld

17:26
Ferpleechkundigen: "Kabinet moat no yngripe, ambulânses kinne pasjinten net kwyt"

Ferpleechkundigen en fersoargenden wolle dat it kabinet no yngrypt om fierdere fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Beropsorganisaasje V&VN hat in brânbrief mei dy strekking nei Den Haach ta stjoerd. Dat meldt de NOS. It wetter stiet de 350.000 ferpleechkundigen oant de lippen, seit de feriening. "Onze achterban roept om ingrijpen."

Reguliere soarch wurdt foar in grut part ôfskaald, spoedeaskjende helpposten moatte soms ticht, ambulânses kinne de pasjinten net kwyt, en mei de hjoeddeistige oantallen sikehûsopnames en IC-pasjinten is der neffens V&VN sprake fan "een gitzwart scenario". Yn de wykferpleging en ferpleechhûzen binne ek grutte problemen. "Onze leden zien dagelijks cliënten die vereenzamen, worstelen met depressieve klachten, agressief worden of minder gaan eten en drinken."

Tsjinoer de tastream oan pasjinten stiet in groeiend tekoart oan meiwurkers, troch massaal syktefersom. Dat stiet yn de brief. In protte ferpleechkundigen binne sels corona-posityf of oerbelêste. "Hele teams zitten thuis. In sommige ziekenhuizen is 40 procent van de testuitslagen van medewerkers op covid positief."

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)