Kollum: "Paaseiland"

29 okt 2020 - 08:21

"Binne we mei tefolle? Yn santich jier tiid, de tiid dy't myn heit libbet op dizze ierdbol, is it tal minsken fertrijefâldige. Om 1950 hinne wiene der 2,5 miljard. No binne it der 7,8 miljard. Biolooch en emearitus heechlearaar paleontology fan de Universiteit Utrecht Jelle Reumer skreau in essay oer de wrâldbefolking, mei de net mis te fersteane titel 'Teveel'.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Tefolle minsken, fynt hy, sjoen it tal fan rampen dat de minskheid bedriget, sa as klimaatferoaring, de ôfname fan biodiversiteit en, ja dêr wie der alwer, pandemyen. It komt troch de oerbefolking fan de ierde, en Reumer seit yn De Volkskrant fan juster: 'Discussie daarover moeten we niet uit de weg gaan'.

Sjoen de algemiene bernesubsydzje fan goed trije miljard yn it jier hjir, en dat der in Italiaanske klinyk is dêr't in frou fan santich noch in bern krige, en de totale ferstânsferbjustering dy't plakhat as der earne in bern berne is, stiet ús kop as wrâldbewenner net echt nei sa'n diskusje.

Al gau komt by my in fergelyk op mei Paaseiland. Paaseiland is bekend fan de hege stiennen bylden dy't der stean en de ôfwêzichheid fan beammen op it eilân, alteast doe't it ûntdutsen waard, dêr't oare eilannen yn de Stille Oseaan fol palmbeammen stean. Doe't Jacob Roggeveen dêr yn 1722 oan kaam, wie de bosk al 75 jier fuort. De beammen wiene brûkt troch de befolking. Der moat earne om 1650 hinne immen west ha dy't de lêste beam fan it eilân omkapt hat. Ik freegje my ôf wat der yn sa'n holle omgien is, sittend yn in wenkeamer dy't ferwaarme is troch gas út Grinzer grûn.

It is riedseleftich hoe't de oarspronklike bewenners it überhaupt foar inoar krigen ha om de grutte stiennen bylden oerein te setten, want se weagje oant 86 ton. Der is in ferskaat oan teoryen oer hoe't se it dien hawwe, mar hoe't se it ek dien hawwe, se hawwe it dien. Se hawwe in wichtich diel fan harren tiid besteegje kinnen oan it úthakken fan de bylden en se teplaksette. En net trije of tolve, nee, njoggenhûndert. Dus it wie in woltierige mienskip, it eilân wie goed foar harren, en de mienskip op it eilân, ûngefear sa grut as Teksel, groeide yn de santjinde iuw troch oant sa'n 15.000 minsken.

Mar dat koe it eilân net ûnderhâlde. De âlde beskaving rekke yn krisis. Oer hoe't it krekt gien is ferskille de mieningen, mar dat yn dyselde perioade alle beammen fan it eilân roaid waarden, is in feit. Doe't Roggeveen der yn 1722 kaam, bestie de befolking noch mar út twa- oant trijetûzen minsken. It hat gjin feest west, dy perioade. It hiele klimaat op it eilân feroare; troch de kap fan de beammen, wêrtroch't it net mear mooglik wie om bygelyks boaten te meitsjen, en wat eroazje fan de fruchtbere grûn feroarsake, troch de yntinsive lânbou, troch de yntinsive jacht en úteinlik oarloggen om grûnstoffen dat komt bekend foar.

Nijsgjirrich is al dat dit dus foar in foarse fermindering fan it tal minsken op it eilân soarge, mar net dat se útstoaren. De oarloggen hâlden op. Dat wie in grutte klap, mar dit ha se as mienskip al oerlibbe. Se hâlden op mei it meitsjen fan bylden. It slimste kaam dêrnei. De Europeanen brochten twa dingen mei: de katolike tsjerke, wêrmei't de âlde tradysjes op it eilân foar de ivichheid ferlern giene, en sykte sa as tbc en syfilis. Oh, en de Europeanen! Se tochten ek dat de eilânbewenners wol lukrative slaven wêze soene, dus yn 1877 wiene der noch 111 oarspronklike bewenners oer. Learsum.

Jelle Reumer fynt dat elk stel op 'e wrâld maksimaal 2,1 bern ha mei. It gemiddelde leit no op 2,37. Yn Fryslân sitte we op 1,77, sa wit it CBS. Dat komt omdat bern hjir gjin pensjoenfoarsjenning mear binne, troch goeie edukaasje, benammen by famkes, en de tagong ta foarbehoedsmiddelen. Hoi tsjerken. Dat soe yn 'e hiele wrâld moatte, en dan hâldt de eksplosive befolkingsgroei op, en, jawol, komme we miskien ôf fan de pandemyen, en einiget de wrâld net as in keal eilân mei in tal ûnbegryplike symboalen fan in ryk ferline.

De bylden op Paaseiland hjitte trouwens Moai. Krekt sa skreaun as yn it Frysk: moai."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)