Cambuur-doelman Sonny Stevens oer winst tsjin RKC: "Het werd de avond van Stevens"

Nei njoggentich minuten fuotbaljen, in heal oere ferlinging en in rige strafskoppen is Sportklup Cambuur troch nei de folgjende ronde fan de KNVB Beker. De winnende penalty kaam fan de foet fan Robin Maulun, mar Cambuur-doelman Sonny Stevens wie de held fan de wedstriid.
Sonny Stevens waard de held fan Cambuur:
Sonny Stevens
Stevens wist by de rige strafskoppen de poging fan Meulensteen út syn doel te hâlden. "Ik pakte hem en dat was fijn." Dochs hie er earst noch wat twivels. "De scheidsrechter floot na de verlenging en toen dacht ik wel van: ja, dit kan de avond worden van Grim (doelman fan RKC, red.) of de avond van Stevens. Uiteindelijk werd het de avond van Stevens en daar ben ik wel blij mee."
Maarten Pouwels stie yn de basis en skoarde:
Maarten Pouwels
Maarten Pouwels stie nei in pear ynfalbeurten yn eardere wedstriden dizze kear fan it begjin ôf yn de basis en dêr wie er tige tefreden mei. "Hoe meer minuten je hebt, hoe beter je je kan laten zien, natuurlijk. Vanaf het begin spelen is altijd lekkerder dan invallen en dan hoop je dat je gewoon alles kan laten zien in die minuten. Dat is anders dan invallen."
Pouwels skoarde sels de iepeningstreffer by syn basisdebút. "Ik wil elke wedstrijd scoren en in je basisdebuut is dat lekker, heerlijk!"
Henk de Jong geniete fan syn jonge ploech:
Henk de Jong
Trainer Henk de Jong hat geniete fan syn ploech. "Maarten Pouwels makket syn debút en dy jonge docht it fantastysk. Dat sjoch ik hieltyd wol oankomen, dat hy hieltyd better wurdt. Sa binne wy mei jonge jonges dwaande, dy't we better meitsje wolle. En as dat resultearret yn dit, dat is wol leuk foar de klup, natuerlik."
De Jong sjocht al út nei in mooglike Fryske derby mei SC Hearrenfean, dat yn de earste ronde fan de KNVB Beker mei 3-1 te sterk wie foar TOP Oss. "Fan my mei dy derby der komme, mar dan wat letter yn it jier, dat we beiden noch in ronde fierder komme. Moai, Johnny Jansen, ik sil him efkes in berjochtsje dwaan."