Ljouwerter gemeenteried kritysk oer reaksje kolleezje op festivalrapport

29 okt 2020 - 01:33

De Ljouwerter gemeenteried is min te sprekken oer de reaksje fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders op it krityske rapport oer de festivals. De gemeente krige yn it rapport fan de rekkenkeamer in flinke tik op de fingers oer it ferlienen fan de fergunningen foar de festivals yn it Griene Stjergebiet. It kolleezje koe him net fine yn it rapport en fynt dat der sprake is fan framing. It is foaral dizze reaksje op it rapport dy't ferskate partijen yn de gemeenteried stekt.

"De uitkomsten van het rapport waren nog te begrijpen, maar daarna was het alsof er een trein ontspoorde", sa seit Serge Hollander fan de VVD. Neffens de rekkenkeamer wie de gemeente by it ferlienen fan fergunningen oan de festivals te trochdriuwerich syn eigen gelyk te heljen, stie it net genôch iepen foar de klachten fan boargers en hie it lêst fan tunnelfyzje. "Ik vind het ook niet leuk als ik kritiek krijg, maar denk daarna wel: misschien heeft diegene gelijk. Maar hier wordt gelijk voor de aanval gekozen en toen ging het mis."

Framing

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wie it net iens mei de krityk yn it rapport en beskuldige de rekkenkeamer sels fan framing. Wethâlder fan kultuer Hein Kuiken hat gjin spyt fan dizze beneaming. "We bedoelden te zeggen dat er met een aantal van die typeringen een te eenzijdig beeld van de werkelijkheid is neergezet. Dat we aanpasten met tegenzin, hamerden op ons eigen gelijk en aan tunnelvisie leden. Hier kunnen we wat tegenover zetten."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Kuiken jout fierder ta dat der yn it ferline fouten makke binne, foaral yn it begjin, mar dat de gemeente hjir wol wat mei dien hat. Ek seit hy ree te wêzen om de oanbefellingen fan it rekkenkeamerrapport oer te nimmen. Hy seit sels iepen te stean om yn petear te gean mei Groene Ster Duurzaam om dochs noch te sjen oft se derút komme kinne.

Dat stimt de gemeentlike polityk posityf. Wol fynt Serge Hollander dat it kolleezje en de rekkenkeamer de hiele gong fan saken mei elkoar útprate moatte, foardat der wer in opdracht jûn wurdt oan de rekkenkeamer.

Bestimmingsplan

Foar de festivals is alle hoop no fêstige op it feroarjen fan it bestimmingsplan fan it Griene Stjergebiet. Offisjeel meie dêr gjin festivals holden wurde en dêrom moat der alle kearen op 'e nij in fergunning ofjûn wurde. Tsjinstanners spanne hieltyd rjochtsaken oan tsjin dizze fergunningen, dy't de gemeente yntusken tonnen koste ha.

"Verder wachten we op een uitspraak van de Raad van State over het geluidsniveau. Als deze uitspraak er is, dan is hier ook eindelijk definitief duidelijkheid over", aldus wethâlder Kuiken.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by it debat fan de Ljouwerter gemeenteried

(Advertinsje)
(Advertinsje)