De Fryske Marren: kuierpaad Omkromte by De Jouwer moat iepenbier bliuwe

28 okt 2020 - 22:46

It is al in skoft ûnderdiel fan diskusje: moat it kuierpaad de Omkromte tusken De Jouwer en Langwar iepenbier bliuwe of net? It kuierpaad leit achter in tal wenningen oan de Kooilaan. Omwenners fine dat har privacy skeind wurdt en besykje mei stekken en buorden foar te kommen dat minsken it paad brûke. De gemeenteried stimde yn in digitale gearkomste foar it foarstel fan it kolleezje om derfoar te soargjen dat it paad tagonglik bliuwt.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De gemeenteried soe eins yn novimber 2019 al in beslút nimme oer it paad. Dat rûn fertraging op troch prosedurele flaters. It kolleezje fan B en W moast in nij foarstel dwaan oan de gemeenteried om it paad tagonglik te hâlden.

Gemeenteried stimt foar

Yn de digitale stimming stimden 20 riedsleden foar it foarstel om de Omkromte iepenbier en dus tagongklik te hâlden, 11 riedsleden stimden tsjin.

It CDA en ChristenUnie stimden tsjin. "Alweer een raadsvergadering over dit onderwerp. Dat het 11 maanden moest duren voordat wij hier weer over komen te spreken komt door de procedurele fouten van de gemeente," spruts CDA riedslid Henk Alderse Baas.

It CDA wie ien fan de partijen dy't tsjin stimden. "Dat spijt mij omdat mensen onnodig lang in onzekerheid blijven. Is het de moeite waard om in zo'n klein paadje zoveel energie te steken," frege it riedslid him ôf. "Ook al heb je het recht om over dat pad te laten, moet je dat dan wel doen als het de privacy schaadt van de mensen die er wonen?"

Foto: Delpher

Earder beslút Raad van State

De Raad van State bepaalde earder dat it iuwenâlde kuierpaad tusken De Jouwer en Langwar in iepenbier paad is. Dy útspraak hat as konsekwinsje dat de gemeente De Fryske Marren optrede moat tsjin omwenners dy't stekken of peallen op it paad pleatst hawwe.

De gemeente hie doe eins just hope dat de Raad van State sizze soe dat it paad troch ferjierring net langer iepenbier wêze soe. De saak wie oanspand troch de feriening Moai Skarsterlân, dy't opkomt foar it behâld en de fersterking fan kuierrûtes yn de gemeente.

Benammen it feit dat it paad de lêste jierren wol deeglik troch kuierders brûkt is, nettsjinsteande de obstakels en buorden dy't troch grûneigeners pleatst wiene wie foar de Raad van State in wichtich argumint.

De digitale riedsgearkomste fan de Fryske Marren - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Yn berop

Bewenners kinne opnij yn berop gean tsjin it beslút fan de gemeente De Fryske Marren. "Earst by Deputearre Steaten en mooglik ek by de Raad van State," sa sei boargemaster Fred Veenstra. It dossier is dêrmei noch lang net útiten.

Ferslachjouwer Timo Jepkema oer de sitewaasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)