Cambuur ferslacht RKC nei strafskoppen en bekeret fierder

28 okt 2020 - 22:31

Sportklup Cambuur is in ronde fierder yn de KNVB beker. Nei njoggentich minuten wie it noch 2-2 tsjin RKC Waalwijk en yn de ferlinging waard net skoard. Maulun skeat úteinlik de winnende strafskop raak.

Foto: Orange Pictures

Cambuur kaam mei in op seis plakken oanpast basisalvetal op it fjild fan it Mandemakers Stadion yn Waalwijk. De Ljouwerters moasten yn de begjinfaze foaral ferdigenje. Mar tsjin de ferhâldings yn wie it Cambuur dat op foarsprong kaam. Spits Maarten Pouwels stie hielendal frij en koe sa in foarset fan Jarchinio Antonia maklik efter RKC-keeper Mike Grim wurkje.

De Ljouwerters lieken nei it doelpunt wer wekker te wêzen, want fuort waarden der noch in tal kânsen kreëarre. Yn de fjirtichste minút levere de sterke faze in doelpunt op: nei in foarset fan opnij Antonia koe Jamie Jacobs de 0-2 rêststân op it skoareboerd glydzje.

Cambuur siket nei 0-3

Cambuur tocht krekt nei skoft in strafskop te krijen doe't doelman Grim Pouwels ûnderút helle, mar skiedsrjochter Richard Martens wie it dêr net mei iens. RKC besocht dêrnei de oanslutingstreffer te meitsjen, mar wist net echt troch de Ljouwerter ferdigening te kommen.

Dylan Smit mocht yn de tachtichste minút ynfalle en sa syn debút foar Cambuur meitsje. De oanfaller tocht fuort syn earste doelpunt te meitsjen, mar syn goal waard ôfkard omdat er bûtenspul stie.

RKC komt yn ekstremis werom

RKC wist it dêrnei ynienen wer spannend te meitsjen. Fiif minuten foar tiid skeat Lennerd Daneels de bal fan links ôf hurd yn de fiere hoeke. Dyselde Daneels waard efkes letter wer gefaarlik, mar koe krekt ôfstoppe wurde.

Mei noch sa'n fyftjin tellen te gean kaam Waalwijk dochs noch op gelikense hichte. Juriën Gaari skeat de bal fan de râne fan it sechtjinmetergebiet hurd efter Sonny Stevens.

Doelpuntleaze ferlinging

Cambuur krige yn de ferlinging al gau in grutte kâns. Mitchel Paulissen krige de bal fan Hoedemakers en krige romte om te sjitten, mar hy skeat de bal hurd oer it doel fan Grim. Efkes letter wiene Anas Tahiri, Paul Quasten en Cyril Ngonge gefaarlik, mar sy krigen de bal net efter Stevens.

Yn it twadde diel fan de ferlinging wie RKC opnij sterker, mar de thúsploech kaam net ta in doelpunt. Dat slagge ek Cambuur net, dus moast de beslissing komme troch strafskoppen.

Strafskoppen

De earste strafskop fan Gootjes gie raak, mar Tahiri makke it fuort wer lyk. Ek Hoedemakers skoarde, wêrnei't Sonny Stevens de penalty fan Meulensteen tsjinhâlde koe en Cambuur op in foarsprong sette.

Sawol Paulissen as Damascan skoarden, en ek Nieuwpoort en Azhil skeaten de bal binnen. Maulun krige dus de kâns om Cambuur nei de folgjende ronde te sjitten, en de oanfaller miste net: Cambuur giet troch nei de twadde ronde fan de beker.

RKC Waalwijk - Sportklup Cambuur 2-2. 31. Maarten Pouwels 0-1, 41. Jamie Jacobs 0-2, 85. Lennerd Daneels 1-2, 90. Juriën Gaari.

Opstelling Cambuur: Stevens; Bangura (79. Smit), Nieuwpoort, Schmidt, Ter Heide (106. Gootjes); Kramer, Maulun, Jacobs (72. Hoedemakers); Antonia (46. Sambissa), Pouwels (81. Ladan, 91. Deuling), Paulissen.

Sportklup Hearrenfean kwalifisearre him tiisdei al foar de folgjende rûne fan de beker troch te winnen van TOP Oss. Harkemase Boys hopet yn desimber noch te spyljen tsjin Kozakken Boys. Kommende sneon wurdt lotte foar de twadde rûne fan de KNVB beker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)