Gemeentecamping op 'e Lemmer folslein toeristysk: ein oan fêste plakken

28 okt 2020 - 22:25

De gemeentecamping op 'e Lemmer wurdt folslein toeristysk, sa is woansdei besletten by in riedsgearkomste fan De Fryske Marren. No sitte der noch in tal fêste gasten, dy't elk jier op 'e camping werom komme. Dy kontrakten wurde op 1 novimber 2021 opsein.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De tradisjonele famyljecamping, mei in protte fêste gasten út Dútslân, moat neffens de ried flink fernijd wurde. De bedoeling is dat de caravans plak meitsje foar camperplakken, toeristyske kampearplakken en ferhierakkommodaasjes.

Breed publyk

De pleatslike ôfdieling fan de kommunistyske partij NCPN is it net iens mei de plannen fan de gemeente. Dochs stimde in grut part fan de ried foar de oanpassingen fan de camping.

Wethâlder Irona Groeneveld sei earder al dat de camping net foldocht oan de easken fan de hjoeddeiske toerist. Dêrneist wiene der problemen mei de brânfeiligens. De camping moat no foar in breed publyk beskikber wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)