'Do bist myn lân' is titelsong by film fan Steven de Jong oer Grutte Pier

28 okt 2020 - 21:33

Foar de film oer frijheidsstrider Grutte Pier (1480-1520) fan regisseur Steven de Jong is in titelsong makke. De 'ballad' wurdt songen troch musicalacteur Milan van Weelden (hy spilet Grutte Pier) en sjongeres Elske DeWall (se spilet Rintsje, de frou fan Pier). It liet hyt 'Do bist myn lân'.

Foto: Omrop Fryslân

"We binne in pear jier lyn begûn mei de film oer Grutte Pier", fertelt Steven de Jong. "We filmje elk jier in pear wiken, in dei as tsien, tolve. Mear kinne we ek net ophoastje. Episoade ien ha we sa'n bytsje klear, dat is de earste 30 minuten. We binne no dwaande mei de twadde en it jier dêrop pakke we de tredde episoade. Oer in pear jier is film ien klear. Dêrnei geane we fierder mei film twa en trije, krekt as Lord of the Rings."

Muzyk

Earder kaam al 'Skriem om my' fan Carla de Bruine út by dit projekt en no dus in nije single. "Ik hâld fan muzyk yn myn films en ha ek altyd in titelsong. No ha we Elske DeWall frege om mei Milan van Weelden te sjongen."

Elske DeWall makket har akteardebút yn de film.

Steven de Jong

Besjoch de clip:

(Advertinsje)
(Advertinsje)