Balkster krijt wurkstraf foar brutsen noas op Oktoberfest

28 okt 2020 - 21:02

In Balkster (35) hat 30 oeren wurkstraf krigen om't er nei ôfrin fan it Oktoberfest yn syn wenplak ien in brutsen noas sloech. Hy moat it slachtoffer ek 550 euro smertejild en in selde soart bedrach oan skeafergoeding betelje.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op it Oktoberfest ferline jier yn sporthal De Trime hie in freon fan de fertochte earder op de jûn spul krigen mei wat oare besikers. Nei ôfrin kaam it bûten ta in konfrontaasje. De Balkster fielde him bedrige troch in groepke en swaaide om him hinne. Neffens der fertochte griep ien fan de jonges him by de kiel en rekke hy doe ien, dy't sa syn noas bruts. De Balkster hat letter by it slachtoffer thús syn ekskús oanbean.

It slachtoffer frege om in skeafergoeding en smertejild. Beide binne takend. Neist de wurkstraf wie ek in taakstraf ûnder betingst frege. Dy foel leger út om't de rjochter der rekken mei hâlde dat it slachtoffer en syn freonen ek ferfelend west hienen.

Trefwurden: 
rjochtbank wurkstraf Balk
(Advertinsje)
(Advertinsje)