'Walk thru' foar ôfstudearders Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden

28 okt 2020 - 19:08

In grut feest fiere dat slagget dit jier net, mar dochs wurde studinten fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden dy't klear binne mei harren oplieding yn it sintsje set. Fanwege de coronamaatregels fansels oars as oars.

Diplomearing NHL Stenden - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Smûk mei-inoar yn in grutte seal mei oare studinten, famylje of freonen slagget dit jier net en dus moast de hegeskoalle NHL Stenden wat oars betinke foar de diploma-útrikkings. De ôfstudearders kinne dit jier dochs in diploma krije mei in saneamde 'walk thru'.

Sa besiket de hegeskoalle der dochs noch in feestje fan te meitsjen. De studinten en harren gasten rinne troch de ynspiraasjetún fan NHL Stenden. Foar eltse studint is in tiidslot reservearre wêrby't in dosint en in lid fan de eksamenkommissie it diploma oerlanget.

It giet om studinten fan de opliedingen Management Economie& Recht, International Business & Administration, Bedrijfskunde, Werktuigbouwkunde en de Associate Degree fan HRM.

Ferslachjouwer Timo Jepkema wie derby

(Advertinsje)
(Advertinsje)