Michelle de Jong posityf test op corona en docht net mei oan NK

28 okt 2020 - 19:01

Reedrydster Michelle de Jong fan Rottum is posityf test op it coronafirus. De reedrydster fan Team Reggeborgh kin derom net meidwaan oan it NK dat freed begjint yn Thialf. De Jong is twa kear test op it firus. Beide kearen wie de útslach posityf. De Jong hie wat ferkâldheidsklachten en dus waard earder al bekend dat sy yn karantêne sit.

Foto: www.orange-pictures.nl

Dat de útslach posityf útfalt, is foar De Jong in ferrassing. "Ik voel me niet echt ziek en had deze uitslag ook niet aan zien komen. Ik heb ook geen koorts, maar ben wel verkouden", sa seit de reedrydster. Ek Janno Botman moat it NK sitte litte, om't hy in kontakt west hat mei De Jong.

De test fan Ronald Mulder, dy't ek yn karantêne sit, is negatyf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)