Nije testlokaasje fan de GGD yn Kollum iepene

28 okt 2020 - 18:55

It fjirde testsintrum fan Fryslân is dizze woansdei iepene oan de Johannes Bogermanstraat 25 yn Kollum. Wa't klachten hat en him teste litte wol, kin tenei ek mei telâne yn Noardeast-Fryslân. Troch dizze útwreiding kin GGD Fryslân no sa'n 2000 minsken deis ûntfange foar in betroubere en fergeze test. Dat is mear as de fraach fan de ôfrûne twa wiken. Doe melden har alle dagen sa'n 1200 minsken mei klachten foar in test. Dêrtroch is de wachttiid foar in test op dit stuit ferdwûn.

Nei wiken fan in tanimmende fraach nei testen, nimt dy sûnt in pear wiken ôf. Wylst it tal coronabesmettingen noch wol heech leit. Mooglik komt dit troch de opkomst fan de kommersjele teststrjitten. Dêr kinne minsken tsjin betelling soms sûnder ôfspraak telâne. Ek al brûke dy net allegearre testen dy't goedkard binne en is de útslach net altyd betrouber.

Karantêne

It docht bliken dat minsken soms in sneltest by in kommersjele teststrjitte dogge op fersyk fan de wurkjouwer, as se yn karantêne sitte. De wurkjouwer seit dan dat by in negative útslach de karantêne net mear nedich is, en se wer nei it wurk kinne. GGD Fryslân wiist der mei klam op dat dit net it gefal is. By ien dy't yn karantêne sit, kin by de folsleine perioade fan tsien dagen op it firus opdûke. In negative test op de iene dei seit neat oer de útslach op in oare dei.

GGD Fryslân fynt sokke sosjale druk fan de wurkjouwer net winske en freget de karantêne-advizen te respektearjen. As de wurknimmers fan it firus meinimme nei kantoar ta, dan kin dat troch in fierdere fersprieding grutte gefolgen hawwe.

De testlokaasje yn Kollum is fêstige yn in earder skoalgebou oan de Johannes Bogermanstraat. De oare GGD-teststrjitten binne yn Drachten, Ljouwert en Drylts. Meikoarten komt der yn of by It Hearrenfean noch in fiifde plak by. Wa't fia 0800-1202 of coronatest.nl in ôfspraak makket , kin faak al op deselde dei telâne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)