Holwerter Femke Wiersma twadde op list BoerBurgerBeweging

28 okt 2020 - 17:18

Femke Wiersma (35) út Holwert wurdt de nûmer twa op de list fan de nije politike partij BoerBurgerBeweging. De partij wol op 17 maart takom jier meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen.

Foto: BoerBurgerBeweging

Femke Wiersma wurket op dit stuit as adviseur by boere-organisaasje NMV. Se is ek kommunikaasjemeiwurker by de Vereniging tot Behoud van Boer & Milieu. Yn 2010 waard Wiersma lanlik bekend troch har dielname oan Boer Zoekt Vrouw.

BoerBurgerBeweging is ûntstien nei de grutte boereprotesten tsjin de stikstofmaatregels fan it kabinet. De partij rjochtet him op boeren en boargers dy't fine dat de polityk yn Den Haag te min wit fan it plattelân. De beweging tinkt genôch stimmen te krijen om fiif oant seis sitten yn de Twadde Keamer te heljen.

Femke Wiersma

(Advertinsje)
(Advertinsje)