Posters en teksten foar behâld Swarte Pyt op ferskate plakken yn Fryslân

28 okt 2020 - 16:46

Op ferskate plakken yn de provinsje binne sûnt in pear dagen posters te sjen fan in aksjegroep foar Swarte Pyt. It giet ûnder oare om Ljouwert, Grou en De Jouwer. Ek binne mei kryt teksten foar Swarte Pyt op de dyk skreaun.

Posteraksje foar behâld swarte pyt - Foto: De Vries Media

De posters en teksten ferwize nei in website fan de zwartepietenactiegroep.nl. Dy aksjegroep is oprjochte troch foarstanners fan Swarte Pyt yn ferskate dielen fan it lân.

De measte aksjes wiene oant no ta yn de Rânestêd, omdat dêr de tradysje fan Swarte Pyt neffens de aksjegroep it meast ûnder druk stiet.

Sa stean der op de dyk by it gebou fan de koepel fan kristlike skoallen yn Ljouwert teksten op strjitte krite lykas 'welkom zwarte piet'.

Trefwurden: 
Ljouwert Swarte Pyt posters
(Advertinsje)
(Advertinsje)