RIVM: 94 nije besmettingen, ien stjergefal

28 okt 2020 - 16:43

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 94 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne trije mear as tiisdei, doe wiene it der 91.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

It heechste tal nije besmettings waard woansdei meld yn Ljouwert, dêr krigen 19 minsken in positive útslach te hearren. Dêrnei kaam Súdwest-Fryslân mei 14, Weststellingwerf mei 12 en Smellingerlân 11.

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin nije sikehûsopnamen, wol is ien stjergefal meld.

Mooglik binne de sifers wer ynkompleet. De NOS skriuwt: "maar het RIVM waarschuwt dat het aantal lager is doordat er ICT-problemen zijn. Net als zaterdag zijn, door een technisch storing in de systemen van de GGD, niet alle cijfers van alle regio's al bij het RIVM beland."

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)