Boargemaster fan It Amelân: Sunneklaas kin net trochgean dit jier

It liket derop dat it tradisjonele Sunneklaasfeest op It Amelân dit jier net trochgiet. Boargemaster Leo Pieter Stoel fan it eilân fynt dat it feest net past mei de hjoeddeistige coronamaatregels. Dat skriuwt er yn de gemeentlike nijsbrief.
© Omrop Fryslân
It mysterieuze Amelanner folksfeest wurdt yn de nijsbrief net mei namme en tanamme neamd, mar de boargemaster lit net in soad ûndúdlikheid deroer bestean dat er Sunneklaas bedoelt: "Buiten kunnen we met maximaal vier personen bij elkaar komen. Dit leidt tot de conclusie dat de Amelander traditie begin december niet past binnen de huidige richtlijnen en helaas dit jaar niet gevierd kan worden."
Sunneklaas is in bysûndere en wat heimsinnige tradysje, dy't de Amelanners by foarkar foar harsels hâlde. Amelanner manlju rinne fan fiif oere middeis ôf alhiel ferklaaid en mei maskers op troch de fjouwer doarpen op it eilân. Jongfolk ûnder de 18 jier en froulju moatte binnendoar bliuwe. Wa't dat net docht, wurdt mei stokken yn 'e hûs jage.
As de omgong mei de ferklaaide omes foarby is, wurdt der feestfierd yn ien fan de 'iepen huzen' dy't dêrfoar ynrjochte wurde. Froulju dogge der ferstannich oan om yn ien fan dy huzen te wachtsjen op it momint dat se meidwaan kinne oan it feest.
Op It Amelân binne oant no ta inkelde minsken besmet rekke mei it coronafirus, mar der is noch gjinien yn it sikehûs bedarre of oan it firus ferstoarn. De boargemaster wol dit graach sa hâlde, en ropt de minsken dêrom ek op om har oan de regels te hâlden. "Ik begrijp dat dat veel van u vraagt, zeker in de komende maanden. Als we samen de schouders eronder zetten, zorgen we ervoor dat niet meer mensen besmet raken."