Wurkstraf foar Gordykster nei spul mei eks-famylje

28 okt 2020 - 16:02

In 48-jierrige ynwenner fan de Gordyk is feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren en in moanne selstraf ûnder betingst, foar it mishanneljen fan syn eks-skoanheit. Dat barde op 22 desimber ferline jier, by in supermerk op De Gordyk.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It ynsidint hie al in lange foarskiednis. De man hie earder al in heechoprinnend konflikt mei syn eks-freondinne hân en hie troch de rjochter in kontaktferbod oplein krigen. Dat ferbod jilde noch hieltyd, doe't hy yn desimber syn eks en har famylje tsjinkaam.

De fertochte gong hiel ticht by har yn de buert stean en dêrnei eskalearre de boel. De eks-skoanheit bespuite de fertochte mei reade farve, mar dy begûn werom te slaan.

Dat bleau net by ien klap, dêrom fûn de rjochter dat de man straf fertsjinne hat. In eask fan 731 euro smertejild fan de eks-skoanheit waard ôfwiisd troch de rjochter.

Trefwurden: 
rjochtbank De Gordyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)