Smoardrok by ridende winkels yn Appelskea

28 okt 2020 - 15:58

Se binne in hiel stik minder yn it strjittebyld te finen; de SRV-weinen. Mar de ridende supermerken dy't oerbleaun binne hawwe it yn dizze coronatiid smoardrok. Sa ek by Dirk Wolters yn Appelskea. Syn seis winkels op tsjillen ride op en ôf, want der binne in soad nije klanten yn in koarte tiid bykaam.

Smoardrok by ridende winkels Appelskea

Vaste klanten kopen meer, er komen meer nieuwe klanten op de route de winkel in en ook de jeugd is steeds meer in opmars

Dirk Wolters, Wolters Zuivel Service

Dirk hat it de ôfrûne tiid flink drokker krigen mei syn bedriuw Wolters Zuivel Service. "Vaste klanten kopen meer, er komen meer nieuwe klanten op de route de winkel in en ook de jeugd is steeds meer in opmars", sa seit er. Minsken wurkje in soad thús en dan is it maklik om sa boadskippen oan de doar te dwaan.

Mar it binne foaral minsken dy't neffens Wolters net mear nei de supermerk doarje troch it firus. "Er mag maar één persoon bij ons in de winkel om afstand te creeëren. Ik sta achter het scherm en als ik een klant moet helpen doe ik mijn mondmasker op en handschoenen aan. We letten op de hygiëne, maken de wagens vaak schoon en dat vindt men vertrouwd. Het is een stukje veiligheid."

Foto: Omrop Fryslân

Dêr betelje jo ek wat mear foar, want de produkten yn de winkels fan Dirk binne in bytsje djoerder as yn de gewoane supermerk. "Voor iets meer centen onderscheiden we ons daardoor wel van de grote jongens", seit Dirk.

As de minsken net yn 'e ridende winkel doare te kommen, set Dirk de boadskippen foar de doar of binnen. Neist kontant, kin ek oer de bank of mei in tikkie betelle wurde. Neist griente, fruit, molkeprodukten en snobbersguod ferkeapet Dirk no ek skjinmakguod en desynfeksjemiddel om't de klanten dêr yn dizze tiid nei freegje, sa seit er: "Normaal hebben we dat niet in ons assortiment, maar nu wel."

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Johanna sjocht yn de ridende winkel fan Dirk Wolters

Fan hynder-en-wein nei bibliobus

Syn pake is der jierren ferlyn mei hynder-en-wein mei begûn. Letter hawwe de heit en omkes fan Dirk it oernaam en no sit er sels achter it stjoer fan Wolters Zuivel Service yn Appelskea. Net mear yn in âlde SRV-wein, want dy binne sa'n 10 jier ferlyn ferfongen troch âlde bibliobussen.

Dirk hat se omboud ta ridende winkels. It foardiel is dat se mear kilometers ride kinne en se gewoan op de sneldyk meie. In rûntsje om de tsjerke is it dus al lang net mear. De bussen fan Dirk ride yn Fryslân, mar ek yn Oerisel en Drinte.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Johanna riidt in stikje mei yn de ridende winkel fan Dirk Wolters

(Advertinsje)
(Advertinsje)