HEA! Kapper Wietze (91) knipt troch

28 okt 2020 - 15:56

Wietze van der Veer is miskien wol de âldste kapper fan Fryslân. Mei syn 91 jier knipt er noch altyd. Yn syn kapsalon liket de tiid hast stil stien te hawwen. Tiid foar pensjoen? Nee, dêr moat Van der Veer noch net oan tinke. Syn omke knipte ek troch oant er 94 jier wie. Yn de goed 75 jier dat Van der Veer al kapper is, makke er in soad mei. Foaral it knippen fan ûnderdûkers en fersetslju yn de Twadde Wrâldoarloch makke in soad yndruk op him.

HEA! Kapper Wietze (91) knipt troch

(Advertinsje)
(Advertinsje)