Fakblêd: Dijkstra Draisma heart by bêst prestearjende boubedriuwen fan it lân

De bougroep Dijkstra Draisma, mei grutte festigingen yn Dokkum en Boalsert, makket dit jier opnij kâns op de Cobouw50 Award. Dat is in ûnderskieding foar de bêst prestearjende grutte boubedriuwen fan Nederlân.
Bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum © Google Streetview
De Cobouw50 Award wurdt alle jierren takend troch it fakblêd Cobouw en in akkountantskantoar, op grûn fan de prestaasjes fan dy bedriuwen. Dêrby wurdt ûnder oare sjoen nei de finansjele sitewaasje en de winst dy't makke wurdt. Op grûn dêrfan heart Dijkstra Draisma no by de bêste trije. It bedriuw makke yn 2019 in winst fan 12,3 miljoen euro.
As Dijkstra Draisma de ûnderskieding kriget, is dat foar de earste kear. Ferline jier einige it Fryske bedriuw op it fyfde plak fan bêst prestearjende boubedriuwen. De winner wurdt op 11 novimber bekend makke, yn in online gearkomste.