Tennisser Sander Arends nei kwartfinale yn Nur-Sultan

28 okt 2020 - 15:24

Tennisser Sander Arends hat by it ATP-toernoai fan Nur-Sultan de kwartfinale berikt. Tegearre mei syn maat Artem Sitak út Nij-Seelân stie de Ljouwerter mei 6-3 en 4-5 foar doe't tsjinstanners Nikola Cacic út Servië en Marcelo Demoliner út Brazilië troch in blessuere by de Braziliaan net fierder koene.

Foto: Astana Open

Arends en Sitak hiene yn de earste set yn Kazachstan it bettere spul. Se makken mear punten, en pakten ek in break foarsprong. Harren tsjinstanners krigen twa mooglikheden om de break werom te pakken, mar slaggen dêr net yn.

Yn de twadde set gie it gelyk op oant 4-5. Op dat momint krige Demoliner in behanneling fan de fysioterapeut oan syn búkspier. Hy besocht dêrnei fierder te spyljen, mar in pear punten letter moast hy dochs belies jaan.

De tsjinstanners yn de kwartfinale binne noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)