Fillaplan Aldeberkeap liket trochgean te kinnen

28 okt 2020 - 15:11

De plannen foar twa wenfilla's en in filla mei seis apparteminten yn Aldeberkeap lykje gjin fierdere tsjinstân ferwachtsje te kinnen by de Raad van State. De stichting De Grijpvogel hie in saak oanspand, om de plannen fan tafel te krijen, mar woansdei die by de sitting al bliken dat der net in grutte kâns fan slagjen is foar de stichting.

It plak dêr't de filla's komme moatte - Foto: Google Street View

Yn juny makke de Raad van State mei in spoedútspraak de wei al frij foar de bou fan de wenningen. De Grijpvogel hat gjin romtlike beswieren tsjin it wenningplan, mar hat wol muoite mei hoe't it plan ta stân kaam is. Neffens foarsitter Frans Wuijts soe der sprake wêze fan in opsetsje tusken wethâlder Sierd de Boer en ûntwikkelder Zethoven.

De Raad van State hat der begryp foar dat De Grijpvogel teloarsteld is oer hoe't de plannen ta stân kaam binne. Mar neffens de rjochter hat úteinlik de gemeenteried mei de plannen ynstimd. Dy fêststelling, plus it feit dat der gjin romtlike beswieren tsjin it fillaplan binne, makket de kâns dat De Grijpvogel de rjochtsaak wint net sa grut.

De stichting hie leaver hân dat der in hofke mei achttjin senioarewenten op it plak kaam. Neffens De Grijpvogel soe dit ek breed droegen wurde yn de mienskip. De útspraak fan de Raad van State is oer inkelde wiken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)