Ireen Wüst oer 'sfearleas' NK: "We zijn bevoorrecht dat we mogen schaatsen"

28 okt 2020 - 14:55

Reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean sjocht út nei it NK ôfstannen dat fan freed oant en mei snein holden wurdt op Thialf, nettsjinsteande dat der gjin publyk by oanwêzich wêze kin. "Het sfeertje is niet waar ik vrolijk van word, maar we zijn bevoorrecht dat we wedstrijden mogen rijden", seit Wüst.

Foto: www.orange-pictures.nl

Wüst hat mei har Team Reggeborgh gjin ideale tarieding op it NK hân. De ploech moast it trainingskamp yn Inzell ôfbrekke en de riders moasten dêrnei fanwegen in positive coronatest fan teamgenoat Kjeld Nuis foar tsien dagen yn karantêne.

Ek woansdei hie har ploech wer min nijs te melden: Michelle de Jong, Janno Botman en Ronald Mulder sitte yn karantêne fanwegen in mooglike coronabesmetting. "Het was geen ideale voorbereiding, maar los van dat heb ik heel veel vertrouwen in komend weekend en kan ik vol voor de prijzen gaan", seit Wüst.

Nije ploech

Wüst makket dit jier foar it earst diel út fan Team Reggeborgh, en dat befalt har oant no ta goed. "Er hangt een positieve sfeer. We hebben goed met elkaar kunnen trainen. Ik heb een hele leuke zomer gehad, echt genoten", seit de reedrydster fan Brabânske komôf.

"Het zijn allemaal mensen waarmee ik nog nooit mee in de ploeg heb gezeten. Ik heb heel veel nieuwe dingen geleerd, nieuwe trainingsvormen. Dat gaf me heel veel energie", sa seit Wüst.

Rêst

De fiiffâldich olympysk kampioene hat nei har karantêne net stilsitten. "Ik heb vorige week behoorlijk doorgetraind. Ik heb de week gedraaid die ik normaliter in Inzell zou hebben gedraaid. Deze week is het rusten, niet heel veel meer dan dat. Hopelijk komt het dan op tijd bij elkaar vrijdag en ben ik op tijd uitgerust om vol voor de Nederlandse titel te gaan", sa seit Wüst.

Se sil kommend wykein yn Thialf starte op de 1.000, 1.500 en 3.000 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)