Ekstra Frysk yn de simmer om efterstannen yn te heljen

28 okt 2020 - 14:42

Bern moatte de mooglikheid krije om yn de simmer harren Frysk by te spikerjen. Dat fynt de Ried fan de Fryske Beweging. It is de ôfrûne jierren hieltyd gewoaner wurden dat bern yn de simmermoannen nei skoalle gean om oan bepaalde fakken te wurkjen, en dat soe no ek foar it Frysk kinne moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Der binne yn it ûnderwiis efterstannen as it giet om it Frysk, sa skriuwt de Ried. Dêr wurdt wol oan wurke, mar it duorret nei alle gedachten oant 2030 foar't der in mooglikheid is foar strukturele ferbettering. De Ried soe dêrom graach wolle dat der al earder wat dien wurdt oan de efterstannen. Se hawwe dêrom no in brief stjoerd oan de provinsje om it ûnderwerp op de aginda te krijen.

Simmerskoalle

It idee fan de Ried is om yn alle Fryske gemeenten simmerskoallen op te setten, dêr't ekstra omtinken is foar it Frysk. Besteande simmerskoallen kinne de taal dan yn harren pakket opnimme. Nije skoallen soene nei foarbyld fan de oare skoallen dêrmei úteinsette kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)