Sân Fryske musea krije jild foar corona-oanpassings

Sân lytsere Fryske musea krije jild om harren gebouwen coronaproof te meitsjen. It jild komt út it Kickstart Cultuurfonds, dat yn totaal goed 1,4 miljoen euro oan 41 musea donearret. It fûns is in inisjatyf fan ûnder oare it Prins Bernhard Cultuurfonds.
It Jopie Huisman Museum yn Warkum © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De Fryske musea dy't jild ûntfange binne Museum Joure, it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits, it Nasjonaal Modelspoarmuseum yn Snits, museum De Tijd yn Boalsert, museum Belvédère op It Hearrenfean, it Jopie Huisman Museum yn Warkum en it Warkums Erfskip.
De bydrage is bedoeld om de musea coronaproof te meitsjen om it publyk op in feilige wize ûntfange te kinnen. De bydragen sitte tusken de 4.185,00 euro foar it Jopie Huisman Museum en 51.9800,00 euro foar Museum Joure.