Steaten stimme tenei digitaal, gjin bitterballen mear yn gearkomsteromte

28 okt 2020 - 13:44

Provinsjale Steaten sille tenei digitaal stimme, sadat alle Steateleden binnen de mooglikheden fan de wet meistimme kinne. It Presidium, dat is it oerlis fan alle fraksjefoarsitters yn de Steaten, hat dat woansdei ôfpraat mei kommissaris fan de Kening Arno Brok en griffier Arnold Rosier.

Steaten stimme tenei digitaal

Yn de Steaten is de ôfrûne moannen hybride stimd. De measte Steateleden stimden mei help fan stimkastjes yn de gearkomsteromte. Steateleden dy't net komme koene of woene, joegen harren stimmen troch oan de griffy, sadat dy foar harren stimme koe. Dy hybride stimfoarm is mooglik yn striid mei de wet en wurdt dêrom net mear brûkt.

Op de gearkomste die bliken dat de measte Steateleden noch wol fêsthâlde wolle oan fysike gearkomsten op it provinsjehûs, mar der binne ek Steateleden dy't dat net ferantwurde fine en dêr sels ek net oan meidwaan wolle. Dat jildt ûnder oare foar fraksjefoarsitter Theun Wiersma fan 50PLUS. Wiersma die dêrom digitaal mei oan de presidiumgearkomste, lykas VVD-fraksjefoarsitter Klaas Kielstra.

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Nije maatregels kinne situaasje feroarje

Brok wol Steateleden dy't net nei fysike gearkomsten komme wolle tenei de gelegenheid jaan om digitaal oan fysike gearkomsten mei te dwaan. Hy ferwachtet dat soks wol te hantearjen falt, salang't it der net te folle binne. It definitive beslút oer de begruttingsgearkomste fan 11 novimber falt lykwols pas op 9 novimber. "It binne op dit stuit allegearre deikoersen. Wy besykje troch te gean mei fysike gearkomsten salang as dat kin, mar in nije parsekonferinsje fan premier Rutte kin de situaasje fansels samar feroarje", seit Brok.

Der komme wol oanpassings oan de Steategearkomsten. Der sil tenei gjin catering mear wêze yn de gearkomsteromte yn de foarm fan koeke, bitterballen en oare waarme hapkes. "Steateleden binne krekt minsken. As der oan de ein fan de gearkomste in flaubyt stiet, wurdt dy oardel meter wolris fergetten. Der bliuwt fansels wol catering, mar dy sil tenei op ferskate plakken yn it gebou oanbean wurde, sadat de minsken net mear allegearre nei itselde plak rinne."

Wiersma bliid

Fanút syn wenplak Drachten betanke Theun Wiersma fan 50PLUS syn kollega-fraksjefoarsitters wiidweidich foar it feroarjen fan de wize fan fergaderjen, wêrtroch't er yn novimber wer gewoan meidwaan kin. Wiersma krige noch wol even it ferwyt fan Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie dat er 'de publisiteit' socht hie mei syn beswieren tsjin fysike gearkomsten. Wiersma fûn dat lykwols ûnsin. "Ik haw ferskate telefoantsjes krigen, omdat de minsken my misten. No, dat is oarsom ek sa; ik mis jimme ek en ik fyn it hiel moai dat ik no digitaal mei jimme fergaderje kin."

De gefulde koeken ferdwine út de gearkomsteseal - Foto: Omrop Fryslân

Steatelid Anne Schelhaas (CDA) oer it beslút fan it presidium

(Advertinsje)
(Advertinsje)