Reedrydster Michelle de Jong twa dagen foar NK yn karantêne

28 okt 2020 - 13:35

Reedrydster Michelle de Jong fan Rottum sit yn karantêne fanwegen in mooglike coronabesmetting. De rydster fan Team Reggeborgh is yntusken test en is yn ôfwachting fan de útslach. Dy komt nei alle gedachten woansdei noch.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ek Janno Botman en Ronald Mulder fan Team Reggeborgh hawwe klachten dy passe by in besmetting mei it coronafirus en sitte op dit stuit yn karantêne.

De karantêne komt foar de riders op in ûngelokkich momint. Fan freed ôf stiet it NK ôfstannen op it programma yn Thialf op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)