'Definsje-aktiviteiten Flyhors net skealik foar natuer', Waadferiening perpleks

28 okt 2020 - 13:21

De Waadferiening is tige min te sprekken oer it feit dat de aktiviteiten fan Definsje op de Flyhors de natuertoets trochstien hawwe. De oefeningen fan de loftmacht mei F-35's, F-16's en it smiten fan bommen op de Flyhors op Flylân, binne net skealik foar de natuer, stiet yn in rapport nedich foar de oanfraach fan de fergunning.

De Vliehors - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Definsje hat gjin fergunning foar de oefeningen yn it Waadgebiet. Se hawwe oan Bureau Waardenburg frege út te sykje oft de militêre oefeningen ek skealik binne foar de natuer. Ut de ekologyske effektanalyze kaam nei foaren dat der gjin skea is.

Yn oanrin nei dy fergunning hat it Ministearje fan Definsje wiidweidich oerlis hân, mei Natuermonuminten en ek mei de Waadferiening.

Definsje seit ek dat dat se - los fan de fergunning - sels ek maatregels nimme wolle om fûgels te beskermjen. Dat kin bygelyks troch net te oefenjen as it springtij is. Dat fynt de Waadferiening net genôch.

Als dat niet schadelijk is, wat is dan wel schadelijk?

Ellen Kuipers, Waadferiening

Neffens Ellen Kuipers fan de Waadferiening wurdt it Waadgebiet hielendal net goed beskerme as de útkomsten fan it rapport opfolge wurde en alles gewoan trochgiet:

"Dan hebben we het over vliegen met straaljagers, proefbommen en echte bommen gooien en helikopters die op- en neergaan. Als dat niet schadelijk is, wat is dan wel schadelijk? Dan zou er theoretisch ook geen vergunning nodig kunnen zijn. En als voor militaire activiteiten met veel geluidsoverlast geen vergunning nodig is, dan kunnen we wel ophouden."

It opfallende is dat it toeristeferfier mei de frachtwein fan de Vliehors Expres oer it strân wol problematysk is foar de natuer.

De fergunningoanfraach leit no by in Minstearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij. De Waadferiening giet meikoarten yn petear mei dat minstearje. Grutte fraach is hoe't sy tsjin dizze natuertoets oansjogge. Want as soks as dit goedkard wurdt, is dit wat de Waadferiening oanbelanget, de ein fan dit fergunningssysteem, sa seit Kuipers.

Ellen Kuipers, Waadferiening

(Advertinsje)
(Advertinsje)