'Kontenerramp as mei MSC Zoe kin moarn wer barre'

28 okt 2020 - 12:54

In skipsramp as mei it kontenerramp MSC Zoe, dat ferline jier jannewaris 342 konteners ferlear by de Waadeilannen, soe samar wer barre kinne. Dêrfoar warskôgje ferskate saakkundigen, dy't woansdei de Twadde Keamer bypraat ha oer it dossier.

konteners Zoe keamer

It skip fan hast 400 meter lang kaam op de súdlike farrûte, dy't ticht by de Waadeilannen del giet, yn de problemen fanwegen in stoarn. Trochdat it skip goed trijehûndert konteners ferlear, ha de eilannen noch altyd lêst fan rommel op de strannen.

Farrûtes slute

Ald-minister Jeroen Dijsselbloem, foarsitter fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV), leit de klam op de urginsje. "Dit kan morgen weer gebeuren." Neffens him moat de ynformaasjefoarsjenning foar skippen better en moat it mooglik wêze om farrûtes te sluten. Op koarte termyn moat de Kustwacht ek skippen op de noardlike farrûte warskôgje, en net allinnich de grutte skippen. No krije allinnich kontenerskippen op de súdlike rûte in warskôging by needwaar. "We zijn er nog niet", seit Dijsselbloem.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dêrnjonken moatte de kontener better fêstset wurde op de skippen, fynt ûnder oare de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT). By twatredde fan de ûndersochte skippen wie it sjorren fan de lading net yn oarder. De ILT pleitet foar mear omtinken foar it fêstsetten en it materiaal dat dêrfoar brûkt wurdt.

Problemen ek op noardlike rûte

De measte risiko's dy't op de súdlike farrûte jilde, spylje ek op de noardlike. De Waadferiening rôp earder al op om ek de noardlike rûte ôf te sluten foar frachtskippen by needwaar. Ek lytsere skippen rinne risiko. Goed in moanne nei it ûngelok mei de MSC Zoe ferlear in skip fan 160 meter sân konteners op it Waad.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)