Gjin reden ta ekstra ûndersyk nei temperatuer ôffaloven Harns

28 okt 2020 - 12:38

Der is gjin reden om ekstra ûndersyk te dwaan nei de ferbaarningstemperatuer yn de ôffaloven REC yn Harns. Dat seit de Ried fan Steat, dy't yn twa útspraken de eask fan Stichting Afvaloven Nee (SAN) fan de hân wiist. SAN is fan miening dat der sprake is fan in konstruksjefout en woe sjen dat de hiele oven revisearre waard, mar dêr sjocht de Ried fan Steat gjin reden ta.

De yngong fan de REC - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De eask fan de SAN wie om mear ûndersyk nei it ferbaarningsproses yn en eventuele útstjit fan fergiftige dioksines troch de REC-oven te dwaan. De Ried is it lykwols folslein mei de Provinsje Fryslân iens, dy't fynt dat it mjitsysteem yn de ôffaloven genôch betroubere gegevens opleveret.

Gjin fatale konstruksjeflaters

Neffens SAN sakket de ferbaarningstemperatuer geregeld ûnder de fereaske 850 graden, mar dy bewearing giet de Ried fan Steat net yn mei. Ut ferskate ûndersyksrapporten docht bliken dat de oven goed funksjonearret, sa seit de Steatsried.

Yn alle gefallen sjocht de heechste bestjoersrjochter gjin oanwizings dat de Harnzer ferbaarningsoven ûnder fatale konstruksjeflaters te lijen hat.

Earder hat SAN in beswier tsjin de REC oer de útstjit fan tefolle sâltsoer wûn, en ek hawwe se meardere kearen by de oven protestearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)