Ineke van Gent oer beskerming Waadgebiet tsjin konteners: "Tijd voor actie"

28 okt 2020 - 12:21

It dossier wurdt dikker en dikker, mar der liket stadichoan beweging te kommen yn de saak de kontenerramp mei de MSC Zoe. Keamerleden binne woansdeitemoarn bypraat oer de lêste ûntwikkelingen yn it dossier. Under oare troch boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. Sy hopet dat de Keamerleden en de minister no lang om let aksje ûndernimme.

Ineke van Gent op it strân fan Skiermûntseach nei de kontenerramp - Foto: ANP

"Er zijn rapporten op rapporten uitgebracht", seit Van Gent. "Het wordt nu tijd voor actie, om dit soort rampen in de toekomst te voorkomen." It Waadgebiet moat better beskerme wurde, sei de Onderzoeksraad voor de Veiligheid earder al.

Farrûtes ferbetterje

Van Gent wie der woansdei sels net by, mar se hat yn it foar kontakt hân mei alle Keamerleden dy't yn de kommisje sitte dy't de ramp bepraat. Se hat tal fan saken ynbrocht. "Het is belangrijk dat we met Duitsland en Denemarken een concreet voorstel komen om de vaarroutes te verbeteren. Dat de Kustwacht dringend advies geeft om niet te varen bij slecht weer: niet over de zuidelijke, maar ook niet over de noordelijke route."

Mear witte oer de konteners

Mochten der dochs wer konteners fan in skip falle, dan moat ien en oare ek better regele wurde. "We moeten inzicht krijgen in de lading van de schepen, we moeten de containers beter kunnen lokaliseren, en er moet een betere regeling komen voor het geval die rotzooi opnieuw aanspoelt. Want opruimen was een heel gedoe." It alderwichtichste is lykwols it foarkommen fan in nije ramp, fynt Van Gent.

Ik hoop dat de Kamer en de minister nu definitief zijn wakker geschud.

Ineke van Gent, boargemaster fan Skiermûntseach

De boargemaster hat wol it idee dat de Keamerleden de saak seriues nimme. "De Onderzoeksraad heeft een dringend rapport gemaakt, voorzitter Van Dijsselbloem heeft dat ook weer toegelicht. Die onderzoeken worden heel serieus genomen en dat is ook terecht. Ik hoop dat de Kamer en de minister nu definitief zijn wakker geschud."

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)