Harry van der Molen wol ûndersyk nei algoritmes

28 okt 2020 - 11:20

It Fryske CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen tsjinnet woansdei in moasje yn tsjin it gebrûk fan algoritmes. Dy meitsje dat minsken op kanalen lykas Facebook en YouTube allinnich mar ynformaasje krije út de eigen rûnte. Sa wurdt der in soad desynformaasje ferspraat, (bygelyks oer de gefaren fan faksins, oer corona of 5G), of der is sprake fan politike beynfloeding en polarisaasje.

Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Van der Molen tsjinnet de moasje yn mei D66-Twadde Keamerlid Kees Verhoeven. Woansdei is der in debat dat as titel hat 'digitale ynminging fan de Twadde Keamerferkiezingen 2021' en dat ûnder oare giet oer in strategy tsjin mis- en desynformaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)