Sintrale As ticht nei ûngelok mei bestelbuske by Burgum
De Sintrale As is ticht nei in ûngelok by Burgum. In bestelbuske is op in pylkewein botst yn de rjochting fan Noardburgum nei Nyegea. De plysje hat de dyk hielendal tichtsmiten.
Der stiet in grutte file op de dyk. Hoelang't de dyk ticht is, is net bekend.