Kollum: "VAR"

28 okt 2020 - 08:44

"Riemer van der Velde wurdt hjoed 80 jier. Riemer wit noait wat er op syn jierdei ha wol, hy hat alles al. Safolle flessen whiskey krigen, dat se syn hûs as kroech kwalifisearje wolle. Dan soe hy no ticht moatte, dat kin net. Dus ik frege ferline wike netsjes: "Wat moatst op dyn jierdei ha?"

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Foar it earst yn 80 jier krige ik andert: "Kinst net regelje dat de VAR ferdwynt?" Efkes foar de net-fuotballeafhawwers: Riemer hat it dan net oer in rivierke yn Frankryk, de Verenigde Arabische Republiek of in jonge bolle. Hy hat it ek net oer de konservative, net-roomske Vrije Antirevolutionaire Partij; dy wie yn 1903 al dach.

Nee, Riemer hat it oer de Video Assistent Referee, dé VAR. Jim witte, dan sit der in skiedsrjochter fier bûten it stadion, dy't 89 kear in telefyzjebyldsje fan in fuotbalwedstriid besjocht út 14 ferskillende kamerapunten wei. En dy't dan, hoe dan ek, in oare beslissing nimt as de skiedsrjochter op it fjild yn earste ynstânsje dien hat.

It is sa'n bytsje: moai waar, jo spitte lekker de tún om. En dan stiet der ynienen sa'n amtnerke en dy seit nei elke skeppestek: efkes sjen as dy net in milimeter te fier wie. Dy krijt in skeppe foar de harsens.

Sa net yn it fuotbal. We ha begrepen dat der no noch wer earne in Champions League-penal oernaam wurde moat, want dy keeper stie net mei beide fuotten op de line. Ja, de penal siet wol, mar soe dy bal ek sitten ha, as dy keeper wól op de line stean bleaun wie?

By in goal kinne fuotballers en publyk net joechei roppe of skrieme, want earne sit ien te kedizen oer oft der no wol of net in man twa passes earder al bûtenspul stie. Dy VAR-kerkes bin de iennigen yn de wrâld dy't sjen kinne oft it in milimeterke te fier wie. De regel is toch dat je op ien line stean meie. By sa'n wedstriid tusken Everton en Liverpool jilde dy rigel ynienen wer net.

In fuotballer leit op de grûn en ropt: "Hy skopt my, reade kaart skeids! Nee? No, freegje it mar oan de VAR." Watte, by elke aksje ha spilers allegear de hannen omheech. En mar roppe: "VAR!" De skiedsrjochter op it fjild wurdt hieltyd ûnwisser. De VAR moast sneon by Hearrenfean-Emmen fan de skiedsrjochter sjen oft de skiedsjochter terjochte wol giel en read joech. In troch Mulder oppakte weromspylbal fan Woudenberg mocht de VAR net oer gean, dus dy koe gnize en de bal úttraapje. Sa wurdt alles ûnearlik.

De iene kear binne je VAR, de oare kear skiedsrjochter. No, dy iene liet jo tweintich minuten wachtsje op de beslissing, dan sille we no ris sjen hoelang't ik him wachtsje litte kin. Soenen de skiedsrjochters op it fjild harren bêst noch wol dwaan? In oar sjocht der toch nei? En wa fan harren is baas? Leo Horn draait him yn syn grêf om.

De tiid dy't de VAR nimt. Safolle tiid krijt in fjildskiedsrjochter nea. En sa'n man mei koptelefoantsje hat dus ek folle mear tiid om Ajax en Feyenoord aardiger te finen as Hearrenfean en ADO. Hands Floranus. Skyt omheech.

Wy sitte op 't heden net op de tribune, mar thús. VAR is wachtsje, wachtsje, wachtsje. Ja, je geane de earste kear te pisjen, de twadde kear sette je teewetter op. Dêrnei ferfeel je jesels, zappe. Ik tink dat VAR-oerwagingstiid aanst ynfolle wurdt troch reklame.

Wat kin in VAR-beslissing net betsjutte yn de ponge van de klup? Al of net in goal, al of net in spiler minder. Al of net in penal. Al of net in sintimeter ferskil. Al of net in VAR-man, dy't wol of net fan 'e moarn troch syn frou slein is. Miljoenen.

De hiele VAR kostet trouwens in fermogen. Ofsjoen noch fan de technyk, dy is ek net om 'e nocht. En je ha dus in dûbeld stel skiedsrjochters nedich. Dy binne no yn fêste tsjinst by it bûn. Dat allegear, wylst der fuotbalklups binne dy't de hier fan harren fjild net betelje kinne.

Mar Riemer is jierdei en mei it sizze. No, hý wol dat frijkommen VAR-jild wol besteegje om keunstoffjilden wer fan echt gers te meitsjen."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)