Den Haag praat oer kontenerramp: "Hjirnei moatte besluten falle"

Polityk Den Haag praat woansdei oer de kontenerramp mei de MSC Zoe. De fêste kommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat hâldt in rûnetafelpetear oer de útkomsten fan it rapport fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) oer de ramp fan jannewaris 2019. Ferslachjouwer Remco de Vries folget it dossier foar Omrop Fryslân.
De MSC Zoe nei it ferliezen fan hûnderten konteners © ANP
Sa'n rûnetafelpetear, wat hâldt dat krekt yn?
"It is in technyske briefing. En it giet dan dus benammen om de oanbefellings en konklúzjes út it rapport fan de Onderzoeksraad. De Keamerleden yn de kommisje kinne de Onderzoeksraad der woansdei oer befreegje. Ut dy fragen kinne je faak ek al wat ôfliede fan wat de Keamerleden derfan fine. Net allinnich de Onderzoeksraad sit derby, mar ek saakkundigen fan maritym ûndersyksynstitút MARIN, in fertsjintwurdiger fan de Waadeilannen en de Waadferiening."
Wat dogge de Keamerleden mei de ynformaasje dy't se krije?
"It is benammen foar it debat dat se hjiroer fiere mei de minister. Want wolle je in debat fiere oer in bêst wol yngewikkelde saak, dan moatte je skerp ha wat je dwaan kinne en moatte. Dêrfoar lizze der no dus in tal oanbefellings op tafel. En wat de Onderzoeksraad seit en skriuwt, dat telt behoarlik yn Den Haag. Sawol by de minister as by de Keamerleden."
Wat binne dy oanbefellings fan de Onderzoeksraad?
"Ien fan de wichtichste saken is dat der yn gearwurking mei Dútslân en Denemarken in foarstel gean moat nei it ynternasjonale orgaan foar skipferkear. Dat giet dan oer de grutte kontenerskippen, want út ûndersyk docht bliken dat dy hielendal net feilich binne. Dy skippen wurde almar grutter, mar de foarsjennings om konteners oan board te hâlden, groeie net mei.
In oare konklúzje is dat de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen gefaarliker is as de noardlike, omdat dy súdlike rûte ûndjipper is. Dêrom soe der bygelyks in stelsel komme moatte dat it skipferkear begeliedt. Der binne alderhande maatregels dy't je treffe kinne, mar dat nimt tiid, want it ynternasjonale oerlis giet net sa hurd."
Binne der dan ek oanbefellings dy't wol rap kinne?
"Ja, ien dêrfan hat de minister dizze wike al oannaam. De Kustwacht jout gewoanwei advys om net oer de súdlike rûte te farren mei min waar. De drompel om dat advys te jaan wurdt leger makke. En it advys jildt ynkoarten ek foar lytsere skippen, want ûndersyk hat oantoand dat minne waarsomstannichheden ek foar lytsere skippen bêst gefaarlik wurde."
De polityk hat al faker oer de kontenerramp praat. Wannear falle der besluten?
"Noch net alle ûndersiken binne klear, mar nei dit rûnetafelpetear komt der in debat. Dêryn moatte echt besluten naam wurde. Dan moat der echt in dúdlik paad lizze om de farrûte feiliger te meitsjen. De Waadferiening hat al sa'n foarstel dien foar in langjierrich programma. Dy stappen kostje wol tiid. Boppedat rinne der noch ûndersiken nei lytsere kontenerskippen en nei hoefolle fersmoarging de MSC Zoe krekt opsmiten hat. Dat moat dus noch in better ynsjoch jaan yn de risiko's foar miljeu en natuer."
De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.