Liveblog | 28 oktober 2020

Coronanijs fan woansdei 28 oktober: 94 nije besmettingen yn Fryslân

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 29 oktober 2020, 06:16
22:55

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog foar no. Folgje it nijs tongersdei wer yn in nij liveblog moarn. Tank foar it folgjen!
21:34

Minister De Jonge: "Commerciële teststraten moeten zich beter aan de regels gaan houden"

"Commerciële teststraten moeten zich beter aan de regels gaan houden", fynt minister Hugo de Jonge. Hy sil de regels ferdúdlikje. Der moat altyd test wurde ûnder medysk tafersjoch en de registraasje moat op oarder wêze.
20:01

KNVB komt mei plan foar 'coronaproof voetballandschap'

De KNVB komt nije wike mei in plan foar 'coronaproof voetballandschap.' Dat seit Gordykster Jan Dirk van der Zee, direkteur amateurfuotbal. "Willen we de unieke Nederlandse sportinfrastructuur met het voetballandschap behouden, dan moet er snel een ander vooruitzicht geboden worden. Weer voetballen, zoals voetballen bedoeld is. Het kabinet weet dat sporten essentieel is voor de fysieke en mentale weerbaarheid. Geen overbodige luxe in deze tijd. En natuurlijk kun je wel gaan fitnessen of hardlopen, maar de meeste Nederlanders sporten liever in teamverband in de buitenlucht en snakken naar de gezelligheid op de club." Dat sei er tsjin it ANP.
No mei inkeld de jeugd ûnder 18 trainen en ûnderling wedstriden spylje binnen de eigen klup.
19:14

Museum ’t Fiskershúske bliuwt moanne langer iepen

Museum 't Fiskershúske yn Moddergat slút gewoanwei nei 31 oktober, mar no bliuwt it museum ek yn novimber iepen. Publyk kin op moandei, woansdei en sneon komme. Besikers moatte yn it foar resevearje en in mûlkapje is ferplichte.
19:08

Walk thru' foar ôfstudearders Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden

In grut feest fiere dat slagget dit jier net, mar dochs wurde studinten fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden dy't klear binne mei harren oplieding yn it sintsje set. Fanwege de coronamaatregels fansels oars as oars.
19:04

Michelle de Jong posityf test op corona en docht net mei oan NK

Reedrydster Michelle de Jong fan Rottum is posityf test op it coronafirus. De reedrydster fan Team Reggeborgh kin derom net meidwaan oan it NK dat freed begjint yn Thialf. De Jong is twa kear test op it firus. Beide kearen wie de útslach posityf. De Jong hie wat ferkâldheidsklachten en dus waard earder al bekend dat sy yn karantêne sit.