Coronanijs fan woansdei 28 oktober: 94 nije besmettingen yn Fryslân

28 okt 2020 - 22:58
22:55
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog foar no. Folgje it nijs tongersdei wer yn in nij liveblog moarn. Tank foar it folgjen!

21:34
Minister De Jonge: "Commerciële teststraten moeten zich beter aan de regels gaan houden"

"Commerciële teststraten moeten zich beter aan de regels gaan houden", fynt minister Hugo de Jonge. Hy sil de regels ferdúdlikje. Der moat altyd test wurde ûnder medysk tafersjoch en de registraasje moat op oarder wêze.

20:01
KNVB komt mei plan foar 'coronaproof voetballandschap'

De KNVB komt nije wike mei in plan foar 'coronaproof voetballandschap.' Dat seit Gordykster Jan Dirk van der Zee, direkteur amateurfuotbal. "Willen we de unieke Nederlandse sportinfrastructuur met het voetballandschap behouden, dan moet er snel een ander vooruitzicht geboden worden. Weer voetballen, zoals voetballen bedoeld is. Het kabinet weet dat sporten essentieel is voor de fysieke en mentale weerbaarheid. Geen overbodige luxe in deze tijd. En natuurlijk kun je wel gaan fitnessen of hardlopen, maar de meeste Nederlanders sporten liever in teamverband in de buitenlucht en snakken naar de gezelligheid op de club." Dat sei er tsjin it ANP.

No mei inkeld de jeugd ûnder 18 trainen en ûnderling wedstriden spylje binnen de eigen klup.

19:14
Museum ’t Fiskershúske bliuwt moanne langer iepen

Museum 't Fiskershúske yn Moddergat slút gewoanwei nei 31 oktober, mar no bliuwt it museum ek yn novimber iepen. Publyk kin op moandei, woansdei en sneon komme. Besikers moatte yn it foar resevearje en in mûlkapje is ferplichte.

19:08
Walk thru' foar ôfstudearders Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden

In grut feest fiere dat slagget dit jier net, mar dochs wurde studinten fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden dy't klear binne mei harren oplieding yn it sintsje set. Fanwege de coronamaatregels fansels oars as oars.

19:04
Michelle de Jong posityf test op corona en docht net mei oan NK

Reedrydster Michelle de Jong fan Rottum is posityf test op it coronafirus. De reedrydster fan Team Reggeborgh kin derom net meidwaan oan it NK dat freed begjint yn Thialf. De Jong is twa kear test op it firus. Beide kearen wie de útslach posityf. De Jong hie wat ferkâldheidsklachten en dus waard earder al bekend dat sy yn karantêne sit.

18:56
Nije testlokaasje fan de GGD yn Kollum iepene

It fjirde testsintrum fan Fryslân is dizze woansdei iepene oan de Johannes Bogermanstraat 25 yn Kollum.

Testlokaasje yn Kollum

18:22
HELP: needgjalp op social media fan restaurant Lauwersland yn Aldwâld

'Red Restaurant Lauwersland' mei in hân mei derop grutte reade letters HELP. De needgjalp op social media komt fan restaurant Lauwersland yn Aldwâld. It driget, krekt as in soad hoareka, kopke ûnder te gean troch it coronafirus. Edwin van der Werf: "De earste coronaperioade koenen we wol drage, we hienen wat reserves. De beloftes fan de oerheid lykje moai, mar as it derop oankomt, is it krekt even wat oars. Yn septimber wienen we wer in bytsje op in nivo dat we it wer drage koenen. Doe kaam de grutte knal."
Se ha tal fan plannen, lykas ôfhelje. "We ha 300 kilo stoofparren skyld en ferpotte om te ferkeapjen." De nije fêstiging yn Dokkum brûke se as ôfhellokaasje. Mei de oprop freegje se stipe fan de fêste klanten. Op de earste dei is hast tûzen euro binnenhelle. "Dat is geweldich, dat meilibjen."

Edwin van der Werf

18:13
Arts-mikrobiolooch: "Bloedtesten om coronabesmetting aan te tonen zijn niet betrouwbaar"

Anne-Marie van Elsacker, arts-mikrobiolooch by laboratoarium Izore, seit dat bloedtesten om it coronafirus fêst te stellen net betrouber binne. Ek fynt se dat kommersjele teststrjitten strang kontrolearre wurde moatte. Dat sei se yn it radioprogramma Weistra op Wei, dêr't se safolle mooglik fragen fan de harkers oer corona beäntwurde.

Arts-Mikrobiolooch:

17:53
Steaten stimme tenei digitaal

Steaten stimme tenei digitaal

Provinsjale Steaten sille tenei digitaal stimme, sadat alle Steateleden binnen de mooglikheden fan de wet meistimme kinne. It Presidium, dat is it oerlis fan alle fraksjefoarsitters yn de Steaten, hat dat woansdei ôfpraat mei kommissaris fan de Kening Arno Brok en griffier Arnold Rosier.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)