Femke Kok: Fan reedryddiploma C nei rapste frou ea op Thialf

28 okt 2020 - 07:00

By it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen binne de eagen dit wykein rjochte op Femke Kok. Foarich seizoen wie de reedrydster fan Nij Beets noch junior, mar helle se by de senioaren al in fjirde plak op de 500 meter op it EK én waard se wrâldkampioen op de teamsprint. Freed begjint se oan har earste jier as senior.

It reedriden siet der al op hiel jonge leeftiid yn:

FH REPO Femke Kok

Kok en har ploechgenoaten by Reggeborgh hawwe hektyske wiken efter de rêch. Doe't se op trainingskamp yn it Súd-Dútske Inzell wiene, die bliken dat ploechgenoat Kjeld Nuis corona hie. Hastich ferlieten de reedriders Dútslân, wêrnei't se tsien dagen yn karantêne moasten. Foar Femke Kok betsjutte it dat se op in fakânsjepark yn Langwar yn karantêne siet mei twa ploechgenoaten. "Dat is net ideaal, sa krekt foar in NK. It wie net oars en we hawwe der it bêste fan makke", fertelt Kok thús yn Nij Beets.

Skrik

Dat in ploechgenoat it coronafirus hie, hat wol ympakt hân yn de ploech. Kok: "Dan skrikst der wol echt fan. Tuerlik meitsje ik my dêr wol soargen oer. Mar elkenien hâldt him oan de regels, sadat it hooplik meifalt. Want it soe wol moai wêze dat alle wedstriden, sa as dy no op de kalinder steane, gewoan troch geane. We meie bliid wêze dat we noch ride kinne."

Foto: Orange Pictures

Foar it trainingskamp hie Kok sjen litten dat der ek dit seizoen wer rekken mei har hâlden wurde moat. Op in trainingswedstriid yn Thialf ried Kok de rapste tiid ea fan in Nederlânske rydster op de 500 meter. "Dat jout in hiel moai gefoel. It seit datst yn de simmer stappen makke hast. Yn sa'n earste wedstriid is it altyd efkes ôfwachtsje hoe'tst derfoar stiest. Hielendal no't ik yn in nije ploech sit mei oare trainingen."

Nettsjinsteande de yndrukwekkende prestaasje, rekkenet Kok har noch net ryk. "Moast it sjen litte yn de grutte toernoaien. It is moai datst sa hurd rydst yn in trainingswedstriid, mar it giet aansten om de belangrike wedstriden."

Reggeborgh

It kommende seizoen sille we Kok net mear yn in pak fan it Gewest Fryslân sjen, mar yn it grien fan team Reggeborgh. Ofrûne simmer makke se de oerstap nei dy ploech, dêr't âld-rider Gerard van Velde coach is. "De oerstap is super goed befallen. It is in hiel leuk team mei goeie trainingen en ik ha it hiel goed nei myn sin." De testen litte sjen dat Kok goeie resultaten behellet: sawol kwa krêfttraining as mei de fytstesten.

Troch har goeie prestaasjes ferline jier en by de trainingswedstriid trije wiken lyn, wurdt der oars nei har sjoen. "Fernimst wol dat hiel folle minsken dingen fan dy ferwachtsje." As foarbyld neamt Kok de media: der komme folle mear ynterviewfersiken binnen as in jier lyn.

Femke Kok mei har foarbyld en no ploechgenoat Ireen Wüst - Foto: Orange Pictures

De reedrydkalinder:

  • 30, 31 oktober en 1 novimber: NK ôfstannen
  • 21 en 22 novimber: NK allround
  • 28 en 29 novimber: NK sprint
  • 26, 27 en 28 desimber: WK kwalifikaasjetoernoai

Femke Kok rydt gewoanwei trije fan de fjouwer toernoaien yn de kommende moannen. It NK allround slacht se nei alle gedachten oer.

Poadium as doel

Oankommende sneon begjint foar Kok it reedrydseizoen écht mei de 500 meter. Snein rydt se dan de 1.000 meter. Fansels wol de Nij Beetse goeie ritten ride. Mar wat as je dat konkretisearje? "It soe moai wêze ast dan op it poadium komst. Sawiesa op de 500 meter en it soe hiel moai wêze as dat op de 1.000 meter ek slagget."

Se hopet op de 500 meter yn de buert te kommen fan har 37,55 fan begjin oktober. Op de 1.000 meter hopet se op in persoanlik rekôr. Dat stiet no op 1.15,64 en ried se yn jannewaris op it NK sprint. "As ik sjoch hoe goed myn rûntsje giet op de 500, dan soe ik op de 1.000 ek noch wol wat winst behelje kinne."

It sil in nuver toernoai wurde, sûnder publyk. Dat sil ek foar Kok in aparte ûnderfining wêze. "It publyk jout dy ekstra enerzjy. Dat der safolle minsken foar dy steane en klappe, jout in boost. Dat ha we no net. Dat is wol hiel spitich."

NK ôfstannen

It NK ôfstannen is fan freed oant en mei snein live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Freed begjint it toernoai om krekt wat nei ienen mei de 500 meter foar de manlju. Dy dei wurde ek noch de 1.500 meter foar froulju en de 5.000 meter foar manlju riden.

Sneon begjint dei twa op 'e nij krekt nei ien oere, dan mei de 500 meter foar froulju. De manlju ride sneons de 1.500 meter en de froulju neist de 500 meter ek noch de 3.000 meter.

Snein is de lêste dei, dy't om healweis ienen úteinset. De ôfstannen dy dei binne de 10.000 en 1.000 meter foar manlju en de 5.000 en 1.000 meter foar froulju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)