Ljouwerter oanholden om bedriging mei mes by skoalle

28 okt 2020 - 06:51

De plysje hat in 22-jierrige man út Ljouwert oanholden op fertinking fan bedriging mei in mes by in skoalle oan de Egelantierstraat yn de stêd. Mei trije oaren soe er in famke (17) en in jonge (16) bedrige ha.

Foto: Omrop Fryslân

De plysje krige de melding fan de konsjerzje fan de skoalle, dy hie in melding krigen fan de bedriging. In dosint hie itselde sjoen. De konsjerzje hat de fjouwer manlju filme, wêrnei't de plysje se steande hold. By de 22-jierrige Ljouwerter fûn de plysje in mes. Dat is yn beslach nommen en de Ljouwerter sit fêst.

Ien fan de oare trije fertochten hie in boksbûgel, Dy hat de plysje ek yn beslach nommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)